In ferdûbeling - feest by de FNP. Ek nochris fanôf dit plak: tige tank foar Jo stim en fertrouwen.
Dochs ha wy op dit stuit in
wat katterich gefoel. De ferkiezingswinst wurdt net omsetten yn dielname oan it
nije kolleezje. Troch Gemeentebelang (GB) mei twa neatsizzende arguminten oan de
kant setten. De FNP soe in oare miening hawwe oer de kommende weryndieling mei
Menameradiel en it Bildt. Dat is perfoarst net wier. De FNP hat foar
weryndieling mei neamde gemeenten stimd, mar wie wol kritysk oer it hiele
proses. Ús ynwenners binne hjir net oer heard en wy fûnen en fine as FNP dat
dit wol moatten hie. Graach hienen wy ús fisy op de weryndieling mei it nije
kolleezje útwurkje wollen en mei ús ynwenners in takomst foar de nije gemeente
Westergoa útsette wollen. It draachflak foar de opfetting fan de FNP is by de
ferkiezings mear as oantoand.
De twadde reden dat wy net mei dwaan kinne leit blykber yn de finansjele sfear.
GB rint al jierren blynseach efter finansjeel wethâlder Twerda oan.
Jier op jier preket Twerda de meast swarte scenario's en moat der besunige
wurde, mar tagelyk wurdt der in protte jild op de jierrekken oer hâlden. Dochs
giet GB op'e nij mei de al wer ferliezende PvdA (yn 8 jier tiid fan 5 nei 2
sitten) yn see. De FNP hat mei Sietze de Haan in finansjeel spesjalist yn de
fraksje, mar syn kontrolearjende wurk (in wichtige taak fan in riedslid) wurdt
blykber net wurdearre en earder as bedriging sjoen. Ek de FNP is foar in solide
finansjeel belied, mar dan wol mei in reële begrutting en in realistysk
takomstperspektyf. Hat GB no oan kiezersbedroch dien? Dat sille wy net beweare. Wol is it sa dat
der gjin rjocht dien wurdt oan de ferkiezingsútslach. In miste kâns foar in
breed droegen kolleezje: sterk fertsjinwurdige yn de stêd en yn de doarpen.
De FNP sil mei har fraksje fan fjouwer tûke riedsleden dit kolleezje kritysk
folgje, rjochút as it kin, dwers as it moat. Want wy dogge it foar Jo!
Bestjoer FNP Frjentsjerteradiel