Fragen:
Oanbiedingsbrief:
De ferkiezingswinst fan de FNP wurdt - sa as we wilens witte - net omsetten yn dielname oan it nije kolleezje. Lute Pen hat út namme fan de GB yn 10 minuten oan de FNP witten litten dat GB in koalysje foarmjen giet mei CDA en VVD.
De FNP hat sûnt de ferkiezings en it neamde petear twifels oer de bekwamens fan dizze wethâlder as meifertsjintwurdiger fan ús gemeente by de weryndieling. As de ynbringen fan ús gemeente en it ûnderhanneljen net op in goede demokratyske wize geane, lizze we der by de oare gemeenten gau út.
Der komme twa wethâlders fan CDA en GB en de VVD stipet de koalysje. De VVD hat oan it ferlies gjin boadskip en smyt it ferlies op de lanlike tendins. Mar de fraach is of dat sa is, hja moatte sjen nei de prestaasjes fan de lêste fjouwer jier. As wy as FNP yn dy posysje sitte soe, soene wy net meiregearje wolle; der falt neat oan te fertsjinjen, allinnich te ferliezen. Al is it fansels wol sa, dat meidwaan yn in koalysje makliker is dan meidwaan yn de opposysje; der hoecht allinnich mar ja sein te wurden op de útstellen.
De FNP is swier teloarsteld oer de gong fan saken en it beslút fan de koalysjefoarming.
Fjouwer jier goede gearwurking en oparbeidzjen mei de koalysje en opposysje is net wurdearre.
Wy ha der begryp foar en kinne ús ek foarstelle dat guon kiezers ien en oare as kiezersbedroch bestimpelje. Ferskate minsken om ús hinne, yn en bûten de FNP, hiene ús der al foar warskôge dat GB leaver gjin sterke partijen en minsken om harren hinne ha.
Dizze hâlding wurdt yn stân hâlden troch it bestjoer en de âlde garde en dy is grut te neamen.
No jildt dat net foar eltsenien binnen dy partij, dat mei ek wol sein wurde, mar dyjingen hawwe net folle yn te bringen. Yn tsjinstelling ta de FNP hat GB har net oan it ferline ûntwraksele mei nije fraksjeleden en in oare tinkwize fan it bestjoer.
Der wurdt troch GB sein dat men mei de partijen CDA en VVD fierder wol om de ûnderfining.
Myn kollega Freerk Siegersma silliger hat by de ynstallaasje fan it kolleezje yn 2010 al oanjûn dat er twifels hie oer it funksjonearjen fan wethâlder Dijkstra. Wethâlder Pen joech doe oan dat hy oer de skouders fan Dijkstra hinne meisjen sille soe. Koartlyn yn it koarte meidielingspetear oangeande de koalysjefoarming hat Pen dat op ‘e nij sa sein as andert op ús fraach datoangeande. Dat jout wol oan dat sels it kolleezje net genôch betrouwen hat yn Dijkstra.
It meisjen oer de skouders is ek bard mar de ûnderfining en it trochpakken fan Dijkstra is ús noch net opfallen yn de ôfrûne fjouwer jier. Dijkstra kin faak net streekrjochjt anderje op fragen út de Rie, net op ‘e tiid stikken oanleverje, gjin oertsjûgjende antwurden jaan kinne en net in eigen fyzje ha op it takomstich sosjaal domein. Dit is de boarger en partijleden fan CDA en GB ek opfallen, sjoen de reaksjes op strjitte en ynformele petearen.
No liket it wol dat der neat goed is oan Dijkstra mar dat is sa net. Wethâlder Dijkstra is as persoan hiel ynteger en freonlik. Dat mei ek sein wurde en dat wurdt ek wurdearre. Dijkstra koe funksjonearje mei help fan de hiele Rie en op syn tiid troch help fan wethâlder Pen.
Mar sjoen de ferwachting fan in swiere portefúlje soe it net ferkeard wêze as in oare wethâlder dy portefúlje oppakke kin. Soe Dijkstra it sosjale domein net yn portefúlje krije, mar oare ûnderdielen dan is der ek net sprake fan ûnderfining. Dus de twifels binne der nei fjouwer jier noch hieltiten. De reden fan ûnderfining giet wat ús oanbelanget net op.
Ek ha wy twifels oer wethâlder Pen. De ôfrûne fjouwer jier hat wethâlder Pen yn de measte gefallen goed hannele en syn bêst dien, útsein projekten as dy fan Japero, de Buorren en Kamminga.
Dêr binne flaters makke dêr ‘t de FNP de wethâlder faak op wiist hat. En dan de gelûdswâl by Schatzenburg. De FNP hat in tal kearen yn de Rie oanjûn dat der midden yn de nacht frachten grûn oanfierd waarden en dat dat fertocht wie. Ek binne der faak troch de FNP fragen oer steld.
Wethâlder Pen sei hieltieten wer dat it neffens him allegear goed ferrûn, mar dat er it trochjaan soe. Dochs witte we no dat it goed mis is; de hânhaving en ûndersyk binne net foldwaande west. Wethâlder Pen is hjir fjouwer jier de ferantwurdlike wethâlder fan west. De FNP wol dit noch ris goed oanjaan.
En sa as earder al sein; de oanpak fan de ûnderhannelings en it links lizze litten fan ús as winnende partij jout net folle betrouwen yn it weryndielingtrajekt.
Ynhâld fan it koalysjeakkoard:
It akkoard jout net folle nij lûd en is wol hiel koart troch de bocht. No hâld ik dêr wol fan mar dit is wol hiel koart troch de bocht en seit net folle. It hat net folle ynhâld en fyzje.
Sjoen de weryndieling, oerheveling fan Rykstaken en belangen fan ús gemeente is it koalysjeakkoard net wêr't de minsken op sitte te wachtsjen. De koalysje fan GB, CDA en VVD is net wat de kiezer woe. Us boargers binne hjir net mei tsjinne; mear fyzje en ynhâld hie better west.
De begrutting sit der net by; sjoen it behâlden belied fan de ôfrûne fjouwer jier komt dat wol goed.
Al mei al kinne wy, útsein de programûnderdielen: Finânsjen, Bouwe en Romte en Miljeu gjin reden betinke om dizze koalysje, de wethâldersgearstalling en koalysjeakkoard te stypjen.
Lykwols giet it kolleezje wol fan start. Dêr ha se de FNP en oare opposysjepartijen sa as it liket net foar nedich.
Mar It boek fan de ferkiezings wurdt no sletten; we ha sein wat we sizze woene mar sjogge no foarút. Mei elkoar moatte we soargje dat we Menameradiel op in goede manier opgean litte yn de nije gemeente Westergoa. Dat moat meiinoar en net tsjin elkoar; dêr is nimmen by baat.
De FNP sil in oare opposysje fiere dan de Rie wend is, mar sil ek gearwurkje mei de koalysje wêr ‘t dat kin en foar de boargers opkomme lykas men dat wend is fan ús.
H.F.Sinnema