It soe hast oergean, want Catrinus is der de man net neffens om syn tennismaten sitte te litten.
Gelokkich wienen de ynspannings fan ús lid Jan Hiemstra net om 'e nocht en koe boargemaster Veenstra Catrinus fannemoarn in lintsje en blommen oerlangje. |
![]() |
![]() |
Hy krige it lintsje foar syn jierrenlange ynset foar de FNP ôfdieling Frjentsjerteradiel. Hy wie oprjochter, siet jierrenlang yn de rie en hat û.o. as foarsitter en ponghâlder it bestjoer fersterke.
Dêrnjonken hat hy de federaasje foar doarpshúzen oprjochte en ek dêr jierrenlang yn it bestjoer sitten.
|
Dat Catrinus noch altyd tige striidber is mei dúdlik wêze; ek foar FNP foarsitter Ultsje Hosper:-) | ![]() |