NIJS   27-04-2014


Riedsgearkomste 24 april 2014

Wichtichste punt op de wurklist fan de rie tongersdei 24 april wie, seker fanwege de twifels dy't ûnstien wiene yn de kommisje, it besprekpunt: “Brede regio marketingorganisatie.”

De wethâlder woe as earste it wurd en feroare it eigen foarstel op dat stuit. Hy stelde foar om it yn twaën te knippen: yn 2015 de bydrage fan € 3493 te beteljen en it dêrnei opnij te besjen.

De FNP woe der noch wol wat oer sizze. Nammentlik dat wy fine dat de hjoeddeistige organisaasje Beleef Fryslân - mei dêryn opnaam it projekt Fan Fryslân - en de VVV Ljouwert op folle toeren draaie. Se sette Fryslân bysûnder moai op ‘e kaart en moatte troch! De strukturele bydrage foar de perioade dêrnei sil neffens de wethâlder ôfhinklik wêze fan it nije finansieringsmodel dat noch útwurke wurde moat én ôfhinkelik wêze fan it feit oft wol alle gemeenten meidogge. Op dit stuit hawwe der al 13 gemeenten tasein. It rapport fan Blaauwberg en de Keamer fan Keaphannel, dat makke is foar gemeente SWF, jout fertrouwen foar it kommen ta in passend gemeentebreed ûndernimmersfûns. De FNP hat it kolleezje meijûn om dit nochris njonken ús eigen fûns te lizzen. Dêrneist hat de FNP sein dat sy it wichtich fynt dat wy as gemeente meidogge om't wy ek in foarbyldfunksje rjochting ús eigen ûndernimmers yn ‘e stêd hawwe. Sels as gemeente reklamebelesting ynfiere foar promoasje fan de sted Frjentsjer en dan as gemeente net mei dwaan oan de promoasje fan Fryslân? Earne fan profitearje en net meibetelje? Dat kin, fine wy as FNP, net. Dus: no net dwers lizze. Mar rjochtút en meidwaan!

 

Fierder hawwe der trije moasjes oan de oarder wêst.

1. Rekkenkeamerkommisje

De FNP hat (tegearre mei GL, CU en D66) in moasje yntsjinne dy't oernommen is troch it kolleezje. De moasje beëage de iepenbiere ferantwurdlikens by (de almar fierdergeande) regionalisearring te garandearjen. Mei it oannimmen fan de moasje is in basis lein om de kontrolearjende taak ek by de mienskiplike regelingen útfiere te kinnen.

2. Mienskiplike regeling (GR) Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO)

Dizze moasje waard ynstjinne troch de koalysjepartijen en wie earder ek al oanbean troch de gemeenterie fan Ljouwert oan it kolleezje fan Ljouwert. Yn grutte lijnen komt it der op del dat de FUMO foar de begrutting fan 2016 in effisjinsjeslach realisearje moat fan 5%. Om't de rie fan Frjentsjer begjin dit jier in pittige sjenswize dêllein hat fine wy as FNP dat dy 5% ek wol in jier earder kin en dat foar 2016 wol 10% easke wurde kin. Wy hawwe as FNP meistimt om't in moasje better is as gjin moasje, mar dêrby ús boppesteande arguminten yn in stimferklearring ôfjûn.

3. Gemeentlik Riolearringsplan

Dizze moasje kaam fan D66 & GL en de FNP hat him stipe. It kolleezje waard derop ferge om it Stedswetterbehear mei sluten beurzen te realisearjen en net op foarhân €30.000 euro út te jaan foar in ynventarisaasje en ûndersyk. (En troch wa't dat ûndersyk útfiert wurde sil is alhiel net dúdlik!) Ek waard frege om foar te kommen dat de gemeente mei efterstallich ûnderhâld sitten bliuwt en deroer foarôf om tafel te gean. It krige gjin byfal fan de oare partijen en de moasje is fersmiten.

 

GeluidsoverlastUnder dit debat wienen der foar de safolste kear problemen mei de gelûdsynstallaasje. Wy hawwe as FNP noch efkes oppere of't dy 30.000 euro dêr net better foar brûkt wurde kin... der waard smaaklik om lake, mar foar de iepenbiere tribune is it wier net aardich dat der safolle problemen binne.

 

 

 

 



Downloads:
Raadsvoorstel nieuwe brede marketingorganisatie
Moasje FNP
Moasje fumo
Moasje gemeentlik riolearringsplan


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer