NIJS   07-05-2014


Wurklistpunten Riedskommisje 24 april 2014

U.o. fragen oan Kolleezje

4. FUMO 

  • De FNP is akkoard mei it útstel, wol hawwe wy fragen oer de plusoeren. N.o.f. de gelûdswâl by de Ryp wol de FNP graach witte of der mear kosten foar ús gemeente efterwei  komme. Wethalder Lute Pen seit ta dat er meikoarten mei mear útlis komme sil oer de FUMO.

5.    Riolering Berltsum. 

  • Hjir is sprake fan wurk mei wurk meitsje.
  • Dat smyt jild op en komt yrritaasjes yn it foar; de wurksumheden wurde tagelyk oppakt.
  • It wetterskip, de ferpleatsing fan it gemaal en de gemeente planmjittig ûnderhald oan de riolering.
  • FNP stimt yn mei 80.000,- mits dat de € 30.000 werom komt.

6. Beneaming advyskommisje Romtlike Kwaliteit:  

  • De FNP kin net ynstimme mei it útstel oangeande de beneaming fan de Advieskommisjeleden.
  • Der komme mar twa fan de njoggen leden út Fryslan.
  • De foar de FNP sa wichtige ynbring fan boargers ûntbrekt yn de nije kommisjestruktuer; dat fine wy spitich en in miste kâns om de boarger meiprate te litten oer syn omjouwing.
  • De FNP sjocht ynstee fan Hûs en Hiem leaver in eigen kommisje foar de Romtlike kwaliteit, eventueel yn gearwurking meid de fúzjegemeenten.

7. Bouplan Hiemstra Marsum

  • De FNP  hat ynstimd mei it útstel. De lytse tûkelteammen hawwe gjin ynfloed op 'e úteinlike bou.

8. 3e wiziging programbegrutting:

  • alle saken binne earder bepraten en binne bekend. Hammerstik.                                                                                                                               

9. Riolering Bûtengebiet: 

  • De gemeente hat de plicht om safolle mooglik wenningen op de riolearring oan te sluten. De Provinsje kin sels hânhavenje. Der binne noch 41 perselen dy't oansluten wurde moatte. Dêrfan wurde der foar 17 wenningen (budzjet fan € 150.000,-) oanfrege. In soad jild foar 17 wenningen.
  • Yn it BW advys stiet dat der ûnderhâns oanbestege wurde sil. Dêrby wurde Witteveen Surhuisterveen en Landustrie oanjûn. Der wurdt sein: "Na controle van de eenheidsprijzen en staartkosten is gebleken dat deze marktconform zijn". Wa docht de kontrôle en wat binne de oeren dy der yn stutsen wurde, dy bepale noch mear de priis. Wy sjogge leaver dat der mear iepen begruttings del lein wurde.
  • Wy sjogge leaver dat it net samar gunt wurdt oan Witteveen en Landustrie. Witteveen docht hjir al in soad en ris in oar de kâns jaan, soe net ferkeard wêze. Dêrom pleitsje wy foar it freegjen fan noch 2 offertes by bedriuwen dy't wat tichter by Menameradiel of út Menameradiel sels komme. Je moatte skerp bliuwe en net altiten deselde bedriuwen oanhâlde.

At de wethâlder ta seit dat der mear prizen opfrege wurde dan kinne we ynstimme mei it útstel.

10.  List mei tasizzingen:

  • punt 1 Fûgelsang
  • punt 2 Ofkeppeljen reinwetter







Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer