NIJS   11-05-2014


Is dit demokrasy?

Op 8 maaie waard yn de riedsgearkomste it kolleezjeprogram besprutsen en fêststeld en waarden de wethâlders ynstallearre.
It besprekken fan it kolleezjeprogram begûn foar de FNP mei in refleksje op de útslach fan de ferkiezings en hoe't dy by de kolleezjefoarming ta útering kaam, of net....


FNP Frjentsjerteradiel TigeTankDe kiezers hawwe by de ferkiezings in dúdlik boadskip meijûn, de kolleezjepartijen PvdA en VVD beide in sit minder en de opposysjepartij FNP twa sitten mear. Dat wol sizze; wy fine it dúdlik, mar dêr tinken oaren oars oer.

Yn eardere tiden soe in partij dy't troch de tiid fan 7 nei 5 nei 3 en no nei 2 sitten gien is in stap tebek dien hawwe. Yn de hjoeddeistige demokrasy wurket it oars. Dan prate jo foar de ferkiezings ôf hoe't jo fierder wolle en as it eefkes kin komt it ek sa. Op de feestlike ferkiezingsjûn wie dat lûd al te hearren...."wol wûn, mar se komme der net yn".

Spitich foar de motivaasje fan ús ynwenners, de kiezers. De FNP is wol wiis mei de stimmen dy't se krigen hat, we sille tige ús bêst dwaan om de opgeande lijn fêst te hâlden.

Koalysjeakkoard

Wy ferwachten in stik mei fyzje, want dêr hat it CDA de ôfrûne jierren regelmjittich om frege. Sa'n stik leit der net. In besúniging by it amtlik apparaat dellizze toant sels in gebrek oan fyzje.

Der stean seker saken yn dêr't wy ús yn fine kinne. Sa sille we it kolleezje hâlde oan har stribjen om twa rotte kiezzen yn it jier oan te pakken. Mar we misse de neffens ús o sa wichtige folkshúsfesting en wentebou hielendal. En we fine it skokkend dat de ozb omheech giet om te harmonisearjen mei de weryndielingspartners. Boargers moatte mear betelje om't we weryndiele.

Wylst yn de programma's fan PvdA en CDA stiet dat de ozb net mear stige mei as mei de ynflaasje.

Wy hawwe hjir net mei ynstimd. Wy sille de nije klub kritysk folgje mei in positive ynstek en we sille der wer folop tsjinoan.

 

Beneaming fan de wethâlders

It mei dúdlik wêze dat wy graach in oare gearstalling fan it kolleezje sjoen hienen. Foar de FNP wie dit dan ek net in feestlike byienkomst. Der binne gemeenten wêr't partijen dy't oan de kant setten binne net opdaagjen komme. De FNP Frjentsjerteradiel stiet foar syn saak en idealen. Dus binne we der.

We sjogge dat de wethâlder fan de ferliezende, lytse partij wer foar master opslacht. Hy kriget mei soarch en wolwêzen sizzenskip oer sawat de helte fan de begrutting. Dêrby bliuwt Twerda noch in perioade op finansjes sitten en dat is net in goede ûntwikkeling. As in hin te lang op'e aaien sit begjinne se te stjonken.

It is in ynterne rjochtline fan de Wiarda Beckmanstifting fan de PvdA, dat nei trije perioades plak makke wurde moat en dat binne wy mei har iens. Demokrasy betsjut ek dat in oar ek wer'ris giet oer deselde iepenbiere saken. Wy hawwe dan ek tsjin dizze wethâlder stimt. Dat de hear Twerda as ienigste as fulltimer de karre wer lûke sil liket ús in klap yn it gesicht foar de stimmers yn Frjentsjerteradiel. Yn de kolumn fan de Boargemaster stiet te lêzen dat as in kolleezjepartij ferliest en noch mar ien sit oerhâldt, dielname oan it kolleezje net mear foar de hân leit. Us útdaging leit der:-)

De FNP sil him noch better by die kiezer sjen litte moatte. Blykber moatte we sels de grutste wurde om in kâns te krijen. Wy sille der alderferskuorrendst hurd oan wurkje en rekkenje wer op jimme!



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer