NIJS   25-05-2014


Earste keats oanmurken foar keatsmuseum Frjentsjer

Wy meitsje fan eltse Riedsgearkomste as fraksje sels in ferslach.
Reaksjes en fragen binne wolkom! Dat kin fia de fraksje sels of online fia Twitter of Facebook.


It wichtichste punt op de wurklist fan dizze riedsgearkomste wie it Keatsmuseum. It punt ICT gearwurking Ljouwert is fan de wurklist helle.
 
Kaatsmuseum Jan Dijkstra frege by it Keatsmuseum it wurd en sei: "We sjogge dat it goed west is om mei in moasje jild foar it keatssintrum frij te meitsjen. Mei Sinterklaas spyljen hie dat neat te krijen, lykas ús earder ferwiten waard troch meneer de Bok. Mar wol mei it ynsicht dat dit sintrum foar Frjentsjer wat betsjutte kin. De FNP struit net mei jild, ek net yn ferkiezingstiid. Bytsje ynfestearje om der meielkoar better fan te wurden, dat hawwe wy foar eagen.

De FNP hat dêrby altyd oanjûn dat der allinnich ynfestearre wurde sil, as der in goed plan ûnder leit. Dat plan leit der no. It bestjoer is noch foarsichtich mei it neamen fan besikersoantallen. Wy hawwe it idee dat mei de nije opset, it plak yn de stêd, de kombinaasje mei ús oare ynstellings, en mei de bettere tagonklikheid en rommere iepeningstiden dy oantallen der grif komme sille. Draacht aardich by oan de libbenheid yn de stêd.

 

Der wurdt wurke mei frijwilligers en dat hâldt in seker risiko yn sa lêze we. Is de kontinuïteit fêst te hâlden? Dochs tinke we dat it goed is om dizze wei te kiezen, we meie mei rjocht grutsk wêze op wat al dy frijwilligers meielkoar berikt hawwe. De keatswrâld hat in protte leafhawwers, dy't hiel wat foar ús keatssport oer hawwe. Mar dan moatte jo de kolleksje net as in pronkkeamer weistopje op de souder fan it Martenamuseum. Dy moat sels op syk nei mear besikers, in kombikaartsje sil ek foar harren mear opsmite kinne.

 

Dat de gemeente in sekere garânsje sjen wol foar dizze ienmalige ynfestearing is billik. En it lêste foarstel op dat gebied kinne we mei ynstimme, om't wy tinke dat men der wol út komt mei dizze basis. Fierder rint de gemeente sa gjin inkeld risiko. No noch hoopje dat ek it bûnsburo wer werom komt."

 

Oare fraksje hienen ek in bijdrage en al gau die bliken dat alle partijen (GB, CDA, VVD, CU, GL, D66) foarstimme soenen útsein de PvdA. Doe it yn stimming brocht waard wienen der 17 foar en 2 tsjin. Wol die yn de diskusje bliken dat de provinsje net alhiel de 150.000 euro op it kleed krije kinne. Se hawwe der neffens harren gjin potsje foar!?! GB hat de fraksjes dy't in fertsjinwurdiger yn de steaten hawwe, oproppen om dy oan te trúnen om wol 1/3 part foar harren rekken te nimmen. In moasje foar dit bedrach fan de provinsjale FNP waard op 6 novimber 2013 oannommen. Wy binne suver wat ferbjustere dat de moasje net folslein útfierd wurdt.

 
Fierder hawwe wy ús noch út litten oer twa oare saken. Dat wol sizze by ien oar punt fan de wurklist en by de rûnfraach hawwe wy it wurd frege!
 
Weryndieling
Yn it proses fan de weryndieling wurdt der jild frege foar in part fan it plan fan oanpak. We hawwe it hjir oer fase 2, wat benammen rjochte is op in te bestjoerlik proses. It idee wie om in kommisje op te rjochtsjen mei in riedslid fan eltse partij, dy't dan plannen beoardielje moast om dan streekrjocht yn de rie fêst te lizzen. Dat gie ús te fier en it plan is foar de rie al troch de agindakommisje oanpast. Der sil no troch de griffiers in plan útwurke wurde mei in foarstel foar sa'n kommisje. Fierder sjogge jo dat de kosten begjinne te kommen, dat is dúdlik. We witte dat, en dit sil moatte. De FNP sil dat finansjele proses goed yn de gaten hâlde, lykas jim fan ús wend binne. Wy hawwe noch it advys meijûn om ynformaasjejûnen te hâlden. Dêroer hat oerlis west mei wethâlder Bram Bonnema, dy't it proses alris meimakke hat. Dy jûnen moat men brûke om de ynwenners der safolle as mooglik by te belûken.

Bregje Noorderbleek
Wy hawwe út betroubere boarne heard dat der in ûngelok bard is op it bregje achter de nije Poiesz dat rjochting de Noorderbleek giet. In jongeman is dêr ûnderút gien en is nei it sikehûs brocht. Wy hawwe oan de wethâlder (Bekkema) frege of der mear bard is en oft de brêge net oanpakt wurde kin. De brêge stiet net op it listje fan it Kanaalzone plan en de FNP fynt dat it net pas yn de 2e fase oanpakt wurde kin. Bekkema wie it mei ús iens en hat tasein dat er dit dwaan sil!
 

Simmerreses
Wy komme as rie foar it simmerreses noch byinoar op 5 juny (kommisje), 26 juny (rie) en op 3 july (foarjiersnota). De stikken komme mei koarten op ‘e side fan Gemeente Franekeradeel. Wolle jo meitinke of -prate? Lit it ús dan witte. Tige wolkom!



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer