NIJS 05-06-2014
Nijsbrief - Efkes Byprate
maaie 2014, Menameradiel
Bêste ynwenners fan Menameradiel,
De ferkiezings binne wer achter de rêch en wy hâlde jimme
graach op de hichte fan de politike saken yn ús gemeente.
In pear kear jiers komt de FNP ôfdieling Menameradiel
dêrom mei in nijsbrief.
Nije riedsfraksje
Troch de winst by de lêste ferkiezings bestiet de nije fraksje
fan de FNP no út:
- Rikus Sinnema
- Sietie Tijsma
- Haaye Hoekstra
Sijbe Knol sil ús fan de skaadfraksje út advisearje.
It bestjoer fan de FNP Menameradiel bestiet út:
- Alie Castelein (foarsitter)
- Klaas Abe Kamstra (skriuwer)
- Annigje Idsinga (ponghâldster)
- Tsjisse Brouwer
- Thys van der Schaaf
Sûnt koart stipet Sijbe Knol it bestjoer.
Ferkiezings
Mei dizze nijsbrief wol de FNP jo ynformearje oer it ta
stânkommen fan de nije koalysje en kolleezje fan
Boargemaster en Wethâlders.
Allerearst wolle wy graach elkenien fan herte betankje foar
har/syn stim op ús!
De ferkiezings binne goed ferrûn. De FNP hat in sit wûn en is
sels fierwei de grutste partij yn de fiif doarpen, Berltsum,
Wier, Bitgum, Bitgummole en Boksum. Risseltaat: trije sitten
yn de Rie.
Gemeentebelangen hat der ek in sit bykrigen en CDA hat
itselde tal sitten hâlden. VVD en PvdA ha in sit ferlern.
Wy as FNP hiene graach sjoen dat der in brede koalysje kaam
wie fan bygelyks GB, FNP en CDA. Dat hie ek foar de hân lein,
sjoen it ferlies fan VVD en PvdA.
Men mei ferwachtsje dat de grutste partij de oare winner
útnoeget om te praten oer koalysjefoarming, mar dat is net
bard. Yn in koart petear waard meidield dat Gemeentebelangen
mei CDA en VVD in nije koalysje foarmje sil. Der
komme twa wethâlders, fan CDA en Gemeentebelangen, en
de VVD stipet de koalysje. As FNP ha wy gjin kâns krigen; it
beslút om it sa te dwaan, waard sûnder mear nommen.
Jo kinne grif begripe dat de FNP - nei fjouwer jier goede
gearwurking en oparbeidzjen mei de koalysje- en
opposysjepartijen - swier teloarsteld is. Ús goede
oparbeidzjen is net wurdearre.
Wy kinne ús foarstelle dat kiezers net wer te stimmen geane, om't de partij dêr't men mei reden op stimd hat en dêrtroch
in sit derby krigen hat, úteinlik dochs net yn de koalyjse komt.
Yn de folksmûle wurdt soks 'kiezersbedroch' neamd. Net
stimme soe lykwols wol hiel spitich wêze; oer fjouwer jier is
der in nije gemeente Westergoa en binne der nije kânsen!
Koalysje-akkoart
It nije koalysje-akkoart is koart en dúdlik, mar hat neffens ús
net folle fyzje en ynhâld.
Minpunten:
-
De koalysje wol mei twa full-time wethâlders trochgean.
-
De FNP hat noed foar de kwaliteit fan de wethâlders. Der
komt hiel wat op de gemeente ôf, sa as it oernimmen fan
taken fan de Ryksoerheid op it mêd fan sosjale saken en
folkssûnens en de weryndieling.
-
De koalysje wol ynfestearrings befrieze. Neffens de FNP
hat it gjin inkele sin om it sa te bringen. Ynbrochte
doarpsprojekten moatte serieus behannele wurde en
dêrnei moat besjoen wurde wat der mooglik is of net; mei
of sûnder ko-finansierring. Oer de tinkwize fan al earder
ynbrochte doarpsprojekten wurdt neat neamd. Dus is it de
fraach of de koalysje hjir serieus wurk fan makket.
-
De koalysje wol neat dwaan oan it taalbelied (Frysk en
Nederlânsk). De koalysje hat der oant no ta ek neat oan
dien, allinnich mar fierder útholle.
De gemeentlike webside pretindearret yn it Nederlânsk en
yn it Frysk te wêzen, mar fierút de measte stikken steane
allinne yn it Nederlânsk, nei't it Fryske flachje oanklikt is.
Yn it akkoart stiet dat it Frysk en it Nederlânsk lykweardich
binne, mar wy ha sterke twifels oer hoe serieus dat
bedoeld is.
Jin hâlde oan de earder makke ôfspraken, mar noch
better: nije ôfspraken en oanpast belied meitsje hie better
west. De measte amtners binne Nederlânsktalich. De
kombuorden binne in rotsoaitsje, der is gjinien itselde.
-
De koalysje wol it ynisjatyf oer in grinskorreksje mei
Ljouwert by de doarpen dellizze. Der wurdt net by sein
hoe't it beoardiele wurde sil. De FNP wol in dúdlike
mearderheid sjen dy't foar in grinskorreksje is. Dat kin
neffens ús it doarp net allinne dwaan en moat mei de
gemeente organisearre wurde.
-
De koalysje wol dat it grienbelied bliuwt sa as it is. De FNP
fynt dat der in soad oan te ferbetterjen falt. Minder
beammen kappe, mear ûnderhâld troch effisjinter te
wurkjen.
-
De koalysje seit neat oer de oanpak fan it tekoart yn it
ûnderwiis. Lokalen ferhiere of ôfbrekke kin mar dat is
neffens de FNP net genôch. Der moat mear dien wurde
oan jildfersmitende direksjes en management.
-
De koalysje hat noch hieltiten gjin genôch each foar
(lokale) ûndernimmers. Se nimme bygelyks net diel oan de
TEL (bedriuwekontakt) dagen.
-
De koalysje wol neat dwaan mei it feilichstellen fan
gemeentlike monuminten. Dat is in miste kâns; oare
kollega-gemeenten (byg. de fúzjegemeenten) ha dat al
lang regele.
-
De koalysje seit oer de biblioteken dat se oanpast wurde
moatte oan de nije ûntwikkelings en de nije biblioteekwet
(2015) en ek dat in goede sprieding fan biblioteken
befoardere wurde moat. Der is in grutte kâns dat soks
betsjutte sil dat mei de weryndielingsgemeenten oerienkommen wurde sil dat allinne de biblioteek yn
Frjentsjer dan iepen bliuwt. De FNP freget har ôf wa't dan
de ferantwurdlikens nimt foar de ynwenners dy't graach
lêze wolle en dan net mear tichtby hûs boeken en oare
media liene en/of bestelle kinne.
-
Ut de beheinde en fyzjeleaze tekst yn de ûnderdielen Wurk
en Ynkommen en Wolwêzen en Soarch blykt dat de
koalysje net in soad belangstelling foar dy ûnderdielen hat.
Oer oanpak wurdt net praat, wylst dat krekt tige wichtich is.
De FNP hat wol betrouwen yn de programûnderdielen
Bouwe en Romte, Miljeu en finânsjen. Dy binne deechlik
en goed fan opset.
Sjoen de weryndieling, oerheveling fan Rykstaken en
belangen fan ús gemeente is it koalysje-akkoart net wêr't de
minsken mei foarút kinne. Lykwols giet dit kolleezje wol fan
start. Dêr ha se de FNP, GrienLinks en PvdA net foar nedich.
Wy hoopje dat wy as fraksje jim sa in goed byld jûn ha fan it
troch Gemeentebelangen, CDA en VVD foarme koalysjeakkoart.
De FNP sil de kommende jierren skerp by de wyn sile wat de
koalysje oanbelanget, mar sil as konstruktive opposysjepartij
it belang fan de boarger foarop stelle en mei maatskiplik
droegen foarstellen komme.
Oant safier it bypraten oer de ferkiezingssaken en oare saken
dy't de ôfrûne moannen spile ha.
Foar fragen of opmerkings kinne jo kontakt opnimme mei de
fraksjeleden en/of it bestjoer.
Bestjoer en fraksjeleden
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP