FNP-wurdfierdster
Gea Iedema: "It is in brêge mei in soad
drokte en foar minsken mei berneweinen en skootmobilen tige smel. Mar it wichtichste is wol dat de brêge troch it grutte hichteferskil foar guon minsken
in drege hindernis is en der hawwe al ferskate ûngemakken plak fûn. Sa gie
lêstendeis noch in jongeman ûnderút mei as gefolch dat er nei it sikehûs ta
brocht is." Foar de FNP-fraksje
reden om hjiroer oan de belle te lûken.
De gemeente hat nei oanlieiding hjirfan besletten om de brêge snel oan te passen; binnen 6 wiken sil it brêgediel oan de Bolwurkskant ophege wurde sadat de opgong flakker wurdt.
Wolle jo ek saken oan de oarder stelle? Nim dan kontakt op mei de fraksje of kom nei ús ledegearkomsten (mei fraksjeberied, in wike foar de riedsgearkomste) yn Easterbierrum.
Sjoch foar ús bûsboekje op: www.frjentsjerteradiel.fnp.frl
Dit bericht in het Nederlands lezen? Dat kan! Download dan (zie hieronder) de Nederlandse versie: Brug Ypeysingel Franeker aangepast na vragen FNP