NIJS   08-07-2014


OZB omheech troch weryndieling

De ôfrûne wiken stienen it útfieringsprogram en de foarjiersnota op ‘e wurklist. It wie goed om te hearren dat de koalysjepartijen sels fine dat it program op in oantal punten te koart sjit.

GB sei dat it wol wat krachtiger koe en ek it CDA fûn it wat te beskieden. De PvdA koe allinnich mar oan fuotbaljen tinke en beskreau it program of wie it in teamopstelling. It sinjaal dat ôfjûn waard wie dúdlik, it is foar de readen in wedstriid, de koalysje tsjin de opposysje, wylst de FNP mear fan it stapeljen is, it meitinken en de win/win.

 

 

OZB Ferheging FNPFrjentsjerteradiel

OZB omheech

As FNP-fraksje fine we seker dat it útfieringsprogram sober is, dat it opmerklik is dat it besteande belied nei ûnderen bijsteld wurdt en fine we ek dat it net kin dat der minder jild nei it doarpefûns giet! Mar it aller opmerklikst is dat de OZB omheech giet. Dizze wurdt no al nei boppe bijsteld om't ús fúzjepartners in heger OZB-taryf hawwe! Dit hawwe jo ek al yn de Leeuwarder Courant lêze kinnen.

 

Moasjes/Amendemint
By de foarjiersnota hawwe wy as FNP besocht om mei in moasje (sjoch bylage 1) de taryfsferheging op de OZB noch te kearen en frege dit pas te dwaan as ûndersocht is oft de fúzje ta ferheging fan kosten liede sil. Mar fansels wisten wy yn't foar al dat we fan de koalysjepartijen gjin bijfal krije soenen. Mei in amendemint (sjoch bylage 2) hawwe we mear jild frege foar it doarpsfyzjefûns en dekking socht fia in moasje (sjoch bylage 3) oer it skeppen fan ekstra banen oan de ûnderkant fan de arbeidsmerk om't dat in besuniging opleverje kin. Mar wat we ek ynbrochten, alles waard troch de wethâlders ûntrieden.

 

ICT gearwurking

Fierder wie de ICT gearwurking mei Ljouwert ek in dreech besprekpunt. No al ynheakje op in besteande ICT-struktuer is in troujurk keapje wylst je noch mar ferloofd binne en noch net witte oft de brulloft (fúzje) wol trochgiet. Dernjonken wienen der noch safolle saken ûndúdlik yn it riedsfoarstel dat wy hoopje meie dat dit net, krekt as safolle oare ICT-oerheidsprojekten, klauwen fol jild kostje sil.

 

Algemien belang gemeentesaken

Op de wurklist stie ek de "Wet markt en overheid" wêryn't de rie it algemien belang fan de eksploitaasje fan sportakkomodaasjes fêststelle moast. De FNP besocht hjir mei in amendemint it kolleezje derfan te oertsjûgjen dat ek begraafplakken en it ferhieren fan gebouwen oan sport- en kulturele ynstellings fan algemien belang is. Mar ek hjir waard it de FNP net gund om in punt te meitsjen. Gefolch is dat ynstellings lykas De Koornbeurs en de muzykskoalle no in kommersjeel hiertaryf betelje moatte.

 

rekkenkeamer FNP Frjentsjerteradiel
 

Rekkenkeamer

De koalysje sette fierder it budzjet foar de rekkenkeamer op 0, skafte de rekkenkeamer dus ôf, en wy as FNP hawwe der ús betinkings by. Want de rekkenkeamer is wol as wetlike taak ynfiert by de ynfiering fan it dualisme sadat de Rie in middel hat om har kontrolearjende taak út te fieren. Neffens de FNP nimt in Rie dy't de rekkenkeamer ôfskaft har sels net serieus.


Gjin nij belied

Yn ferbân mei de weryndieling en de harmonisearring hoege wy net in soad mear te ferwachtsjen fan it kolleezje as it giet om (nij) belied. It wenplan - wer't de troch ús ynbrochte startersliening yn opnaam is - sil fuort nei de simmer noch wol it ljocht sjen, mar ta in kultuernota en monumintebelied komt it net. De FNP hat fierder ynbrocht dat it ambitieuser wêze soe as wy as gemeente by de earste 5 op de MKB-ûndernimmersranglist fan Fryslân stean wolle ynstee fan op plak 13. Neffens wethâlder De Pee kin dat net om't der mear jild foar nedich is en sy rôp de Rie der ta op om hjir oer mei te tinken! Us antwurd: "Dat wolle wy as FNP graach!"

 

 
ranglist Frysla 770;n u 770;ndernemers

Konkreet komt it der dus op del dat nij belied allinnich noch makke wurdt yn gearwurking mei de 4 (!) fúzjepartners! In lytse fersprekking fan Bekkema of gewoan wier? Want de sinjalen dy't wy opfongen hawwe - dat it kolleezje wer oan it praten is mei Harns - waarden hjirtroch befêstige. Miskien sels wol oplein troch Den Haach?

 

Simmereses

Oant 18 augustus binne wy as fraksje no efkes frij as Riedslid. Fansels kinne jo ús wol maile as dêr ferlet fan is. Sjoch foar de adressen op ús hiemside. Wy winskje eltsenien in noflike fakânsje ta!



Downloads:
Bylage 1: moasje ozb
Bylage 2: amendemint doarpsfisyfûns
Bylage 3: moasje skeppen fan wurk


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer