NIJS   15-08-2014


Fragen oan kolleezje riedsgearkomste 28 augustus 2014

Achte kolleezje,

Graach krije wy antwurd op de folgjende fragen:

1. Der leit in grutte bulte grûn oan de Menamerdyk tusken Menaam en Bitgummole.
- Fan wa is dy?
- Is de grûn fersmoarge?
- Kin dat dêr sa lang lizze of is der fergunning foar oanfrege?

2. Wy binne in gemeente mei in yntinsjeferklearring, taalferoardering Frysk en eigen beliedsplan Frysk. Mei it each op it nije WMO-belied is it brûken fan de memmetaal yn de kommunikaasje tige wichtich yn û.o. it keukentafelpetear.
- Hoe folle amtners ha de lêste 2 jier in kursus Frysk folge en binne slagge?
- Wannear wurdt it beliedsplan Frysk lykas soe oanpast?
- Wannear wurdt de hiemside folslein twatalich?
2a. Meartaligens hat positive gefolgen foar de ûntwikkeling fan bern.
- Wurdt meartaligens stipe en stimulearre yn byg. it ûnderwiis?
- Is der omtinken foar meartaligens binnen de LEA (Lokale Educatieve Agenda)?

3. Wat is de stân fan saken fan de TOF (Tuinbouw Ontwikkeling Friesland)?

4. Yn 2013 hat it kolleezje in oprop dien oan ynwenners fan Menameradiel om ferkearsbuorden dy gjin nut mear hawwe troch te jaan. Wat is it risseltaat fan dy oprop?
Hat it kolleezje sels ek ûndersyk dien nei dy oerstallige buorden? As dat net it gefal is: wy binne mei in boarger troch de gemeente riden en ha troch syn oanwizings ús fraachtekens by in soad ferkearssitewaasjes en soene ien en oar graach mei in ambtner besjen wolle.

5. It kolleezje hat sein dat se de oanbesteging fan it strjit- en grûnwurk yn de Gratemawei e.o op 'e nij besjen sil om ek ris oare bedriuwen in kâns te jaan en de priizen skerp te hâlden. Oanlieding wie dat Witteveen út Surhústerfean hjir in soad wurk krijt wylst ús eigen gemeentlike bedriuwen net mei dogge. Is dat ek bard? Sa ja wa binne útnoege en wat wie it priisferskil ?

6. By de brede skoalle yn Berltsum wurde ek grûn- en grienwurksumheden útfiert. Dit wurdt dien troch de WMR (Rinsumageast) en Van Tuinen út Berltsum. Binne eigen strjitmakkersbedriuwen ek frege?

Mei freonlike groetnis,

Nammens de fraksje fan FNP

Rikus Sinnema


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer