De FNP wol fan solitêre wynmûnen ôf en op langere termyn fan alle wynmûnen. Yn de tuskentiid is der romte om te praten oer in beheind tal klusters mei wynmûnen. Dy binne fêstlein yn it koalysje-akkoard; yn de Iselmar by de Ofslútdyk, op de kop fan de Ofslútdyk en by it klaverbled fan It Hearrenfean.
FNP Frjentsjerteradiel fynt ek dat solitêre wynmûnen ûnderbrocht wurde moatte yn parken mei mûnen mei mear fermogen. Mar yn ôfwiking fan it provinsjale stânpunt hat FNP Frjentsjerteradiel ynstimt mei de wynmûneparken yn Easterbierrum en Hjerbeam.
Nije, oare riedsfoarstellen sille serieus besjoen en oerwage wurde mei ynachtnimming fan ús program.