NIJS   14-09-2014


Kommisje Sosjaal Domein ynfierd

Boargerlid Sijbe Knol, Berltsum beneamd as kommisjelid sosjaal domein

As ienichste gemeente yn NoardWest Fryslân hat Menameradiel sûnt 28 augustus l.l. in kommisje sosjaal domein.
De trije desintralisaasje yn it sosjaal domein freegje in soad van gemeenten. Mei de trije desintralisaasje wurdt bedoeld de transformaasje op it terrein fan de AWBZ, de partisipaasjewet en de jeugdsoarch. Dizze ûntwikkeling leit in protte ferantwurdlikens by gemeenten (en dus ek by de rieden) en wurdt op de foet folge troch in kritysk publyk. It doel fan een kommisje sosjaal domein is om de troch de rieden te nimmen besluten yn it ramt fan de transformaasje sa goed as mooglik ta te rieden.
De ferantwurdlikens op it dossier is tige grut. Dêr komt by dat der spesjalistyske kunde frege wurdt en in djipgong winsklik is, dy't yn de reguliere riedskommisje technysk (wurklist) net helber is. Ien en oar hat der ta laad dat der no in aparte kommisje ynfierd is.
Der is dêrby gebrûk makke fan de besteande mooglikheid om net-riedsleden yn te skeakeljen yn riedskommisjes. De ynset fan net-riedsleden yn kommisjes hat it foardiel dat it wurk oer mear minsken ferdield wurde kin en dat der spesjalisearre deskundigens ynset wurde kin.
Alle fraksjes ha gebrûk makke fan de mooglikheid om in burgerlid yn te setten en sadwaande de mooglikheid krigen om deskundigens fan bûten de ried 'yn te fleanen'.
De gemeente Menameradiel hat bepaald dat allinne boargers fan de kieslist (maart 2014) lid fan de kommisje wurde meie en dat sy de eed/belofte ôflizze moatte. Op dizze wize wurdt sawol de demokratyske legitimaasje as de yntegriteit waarborge.

As boargerlid foar ús partij is keazen foar Sijbe Knol, Berltsum. Hy is tegearre mei riedslid Sietie Tijsma, Menaam as lid fan de kommisje sosjaal domein beneamd.
Fierder binne op 28 augustus l.l. as boargerleden beneamd: K. Iepema (GL), H.Terpstra (VVD) en Tj. Cuperus (PvdA).
De earste gearkomsten fan de kommisje sosjaal domein ha wilens west op tiisdei 2 septimber 2014 en 14 oktober.






















De hearen Knol (FNP), Iepema (GL), Terpstra (VVD) en Cuperus (PvdA) lizze de eed ôf en wurde dêrmei beneamd ta lid fan de kommisje sosjaal domein.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer