Om't de FNP sels Fryslân ek op ferskate wizen de leafde ferklearret, koe it hast net oars dan dat dizze partij it inisjatyf nommen hat om de loveletters nei de AD te krijen. Yn goed oerlis mei it bestjoer fan de AD is keazen foar de lokaasje oan de Leeuwarderweg, oan de râne fan it parkearterrein fan de supermerken. Freed 19 septimber binne se earne oars, mar se komme dan ek wêr werom hear!
![]() |
![]() |
De FNP hâldt net allinnich fan Fryslân, ek de Fryske taal draacht sy in waarm hert ta. Dêrom sil de partij op sneon 20 septimber foar Tsjil, de organisaasje dy't de sútelaksje fan Fryske boeken wer opstarten hat, Fryske literatuer ferkeapje op de AD jier- en frijmerk. De kream stiet ticht by it âlde stedhûs, by it krúspunt Groenmarkt/Raadhuisplein.