NIJS 13-10-2014
De Trije ferkwânselje?
Het college van B & W wil de bedrijfsvoering (exploitatie en het beheer) van sporthal de Trije privatiseren. De gemeente Franekeradeel blijft wel eigenaar van het sportcomplex. De reden voor uitbating kan de gemeente op jaarbasis 33.000 euro opleveren.
|
Tongersdei 2 oktober stie dit punt op ‘e wurklist fan de
riedskommisje. 23 oktober falt it beslút oft we de Trije út hannen jouwe oan
OptiSport, earder ek de útbater fan Swimbad Bloemketerp. Wiene
der foar in oar punt mar leafst 5 ynsprekkers, hjir hie
har net ien foar melden. Miskien om't men net yn de gaten hat dat it noch net
ta in beslút kommen is en dat de rie der noch oer te set moat?
|
De FNP Frjentsjerteradiel set yn elts gefal fraachtekens
by de begrutting fan Optisport dy't it ûnderhâld foar it kompleks rûzet op
15.000 euro, wylst oare lokale ûndernimmers dit op 50.000 euro begrutsje. "Fan
wat goedkeap is meie jo gjin topkwaliteit ferwachtsje", sa sei wurdfierder Sietze de Haan. "Yn it ferline hat dizze
organisaasje ús swimbad beheard. Neffens de ynformaasje fan doetiid wie
dit gjin grut sukses. Nei 10 jier waard it swimbad yn net al te beste kondysje
ôflevere."
GB, CDA en PvdA - meiinoar goed foar 11 fan de 19
stimmen en dus yn de mearderheid - lykje it allegearre in goeie saak te finen. Wy
fan de FNP sjogge personiele risiko's. Want as Optisport meiwurkers by de
oergong net bekwaam genôch achtet om har funksje út te fieren, dan is de
gemeente neffens it sosjaal statuut oant 1 jannewaris 2020 ferplichte om it
personiel in passende of geskikte funksje oan te bieden!
Wy sjogge ek it risiko dat in aparte BV sûnder finansjele earmslach
by tsjinfallende opbringsten gau ta in faillissemint liede sil. En wêr 't neffens
ús net oer neitocht wurdt, is dat as wy sels as gemeente yn de Trije in
evenemint organisearje wolle, wy dan wol betelje moatte!
De Trije is in foarsjenning mei útstrieling, wêr't we grutsk
op wêze meie yn Frjentsjer, de Stjêr fan de Alve Stêden. De gemeente hat der
krekt in protte jild yn stutsen en de FNP fynt dat sa'n ynvestearring (yn 2012,
sjoch http://www.waa.nu/Franeker-sportcomplex-De-Trije.ashx) net ferkwânsele
wurde mei!
It is foar de FNP ûnbegryplik dat de koalysjepartijen foar
dizze privatisearring binne! De FNP sil de kommende tiid prate mei ferskate
minsken om sa te kommen ta in goed beslút. Wy dogge it foar jo!
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP