Fierder makket de FNP him al fanôf maart soargen oer it "Schoolcluster
Oost " en dan foaral oer de lokaasje (Schapenweide) wêr't de
koalysjepartijen in nije skoalle bouwe wolle. Wy hawwe we ús hieltyd ôffrege wêrom dêr no krekt boud wurde
moat, wylst der dan op in oar plak wer leechstân komt. De wykfyzje fan it
Schalsumerplan freget him ek ôf wat der mei it iepen fallende gat barre moat. De
FNP hat ferskate kearen oproppen om yn tiden fan krimp yn stee fan út, yn te
wreidzjen en ek om nei oare lokaasjes te sjen! Net allinnich sjen, mar ûndersykje wat de mooglikheden binne. Yn
dizze riedsgearkomste hawwe wy mei D66 wer fragen stelt en dizze kear foaral
oer de ferkearsfeiligens. Neffens wethâlder De Pee komt it allegear goed en
Twerda ferskûlet him lykas altyd efter it beslút, sa seit hy yn in tweet
dêroer: "Veel vragen voor collega Caroline de Pee over Mfc Oost. Over algemeen
vragen naar de bekende weg. Raad heeft besloten en college voert uit."
Nij of oar ynsjoch stiet hy net iepen foar.
Untjouwings De Plint
Dan hiene we skriftlike fragen stelt oer de Plint (sjoch bylage). Wy fine it
raar dat de ûndernimmer gjin boete hoecht te beteljen om reden fan de krisis en
him dêrnei gewoan ynkeapet yn in nij plan foar sa'n selde bedrach. Wethâlder
Twerda kin noch altyd gjin helderheid jaan oer wêrom dy boete oan Groenkwadraat
ynlutsen is.
Quickscan toerisme
Dan de Quickscan toerisme (sjoch bylage). It kolleezje wol in protte saken
oernimme fan de rekkenkeamerkommisje en in nota Toerisme opmeitsje mei
Kultuerele aspekten. De FNP hat it kolleezje oproppen om it bûtengebiet der ek yn
op te nimmen en om in aparte Kultuernota te skriuwen. We moatte ús kulturele foarsjennings
goed yn kaart bringe rjochting Kulturele Haadstêd 2018.
Sosjaal domein
By it fêststellen fan in tal feroardenings, stelle de FNP, D'66 en de CU mei in moasje foar om de evaluaasje fan de wichtige feroardening oer de feroaring fan de soarch, de earste trije jier jierliks te evaluearjen. Dit om op'e tiid by stjoere te kinnen as dat nedich is. De moasje wurdt mei algemiene stimmen oannommen en de wethâlder sil him der foar ynsette.
Begruttingswizigings
By de begruttingswizigings wurdt dúdlik dat we in pear ton
yn de sparpot derby krije, fan begrutte saken dy't we net útfierd hawwe.