NIJS   12-01-2015


Toeristebelesting Frjentsjerteradiel ôfwiisd!

It ûndernimmersfûns yn Frjentsjer docht fertuten. Der is in heger ambysjenivo helle as earder en de FNP wol dit nivo graach yn stân hâlde.

Toeristen

 

Foar 2015 moast der troch de Stichting Ster van de Elfsteden in oare dekking socht wurde foar it ûndernimmersfûns. It kolleezje hie de gemeentlike bijdrage ferlege mei 35.000 euro en de ûndernimmers fûnen neffens de stifting harren bydrage oan de hege kant.

 

Yn septimber besocht it kolleezje de bijdrage te ferleegjen foar ûndernimmers en it ferskil by te passen fia in OZB-heffing foar de boargers. De Rie koe har dêr net yn fine en sa kaam der yn desimber in nij foarstel. Dêr stie yn dat men dan de bijdragen foar 2015 gelyk hâlde soe foar ien jier. Ien fan de koalysjepartijen betocht doe om fia in amendemint dochs de ûndernimmer yn de mjitte te kommen en jild út de algemiene reserve te heljen. De FNP koe dêr net yn meigean en hat dêrom besocht om mei in amendemint toeristebelesting yn te fieren en tocht dêrmei in stevige dekking fûn te hawwen.

 

It heffen fan toeristebelesting (bygelyks m.i.f. 1 april 2015 as it toeristeseizoen begjint) soe der foar soargje kinne dat de bijdrage fan de ûndernimmers foars nei beneden kin (of net mear nedich is) en dat der middels binne om it ambysjenivo op peil te hâlden.

 

"NPompebledeffens it tal oernachtings dat wy hawwe en ús ambysjenivo om foar 2015 80.000 oernachtings te realisearjen, kinne wy as we 1 euro per oernachting freegje, 60.000 euro ynbarre foar 2015.

It ynbarren kinne wy op deselde wize dwaan as de gemeente Harns dit docht. Troch it ynfieren fan Toeristebelesting brûke wy gjin mienskipsjild (dat woenen wy earder ek al net - tink oan de OZB-ferheging - en ek net troch in bedrach út de algemiene reserve te heljen) en hienen wy it bedrach foar de ûndernimmers yn de stêd omleech bringe kinnen. Mei it heffen fan toeristebelesting lizze jo tagelyk mear gewicht yn de skaal foar de Stichting Ster van de Elfsteden om it tal oernachtings tanimme te litten, want jo bringe in nivo oan (der is in doelstelling te heljen). Seker as jo ek noch in staffel opnimme dy't beskriuwt dat by mear oernachtings mear jild beskikber komt", sa pleite Gea Iedema foar ús yn de Rie.

 

 

It amendemint krige hielendal gjin stipe fan de portefúljehâlder en de koalysjepartijen. Toeristebelesting wurdt net heft yn ús fuzjegemeenten Menameradiel en it Bildt en dêrom wol Frjentsjerteradiel har foardiel hjir ek net mei dwaan. Wy wolle no yn maart in brede diskusje fiere hoe't wy mei-inoar de stedspromoasje op peil hâlde kinne. Wy sille op 'e nij te set oer it ynbarren fan jild foar stêdspromoasje en op syk gean nei in rjochtfeardige metoade dy't der foar soargje moat dat der mear draachflak komt by de ûndernimmers. De FNP-fraksje hat fan ûndernimmers heard dat se ek muoite hawwe mei it feit dat de tariven yn harren sône foar elkenien gelyk is, oft jo no in lytse of grutte winkel hawwe en oft jo no 100 man personiel hawwe of net ien.

 

De FNP wol dêrom ûndersykje oft in BIS-bydrage op basis fan in persintaasje fan de WOZ-wearde, in bettere metoade is. Hawwe jo in goed idee of erfarings by in oare gemeente? Lit it ús witte! Graach foar 16 febrewaris 2015.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer