NIJS   25-01-2015


Ynvestearrings MFC’s Seisbierrum, Rie en Keninklik Planetarium

Tongersdei 22 jannewaris waard in wat frjemd foarstel behannele yn de Rie. Frjemd om’t it trije plannen behapte yn ien stik.

€200.000,- foar in ferbouwing fan it Keninklik Planetarium, en twa kear € 200.000,- foar twa MFC’s mei foar elts fan dizze MFC's nochris € 100.000,- út it doarpsfisyfûns.


 

Yn de kommisje fan novimber kaam dit plan foar it earst op de wurklist. Doe waard der fuortendaliks al frjemd opsjoen wêrom soks yn ien foarstel oan de Rie foarlein waard. It Keninklik Planetarium fertsjinnet it om as grutte lûker fan Frjentsjer in ‘status aparte’ te hawwen. Mar it kolleezje hâlde der oan fêst, fielde der neat foar om in knip te meitsjen.

 

Ynvestearring Keninklik Planetarium

De 2 ton foar it Keninklik planetarium wie foar ús seker net in dreech punt, it wie moai om te sjen dat de hear Van Warmenhoven en konsorten al safolle dekking fûn hienen. Mar as FNP hawwe we wol oanjûn dat de gemeente yngreven meitinken bliuwe moat foar ferskate subsydjeboarnen, ek Europeesk! In sitaat út it pleit fan wurdfierdster Gea Iedema (nov.14):

 

“It Planetarium set Frjentsjer, Fryslân en Nederlân mei de status fan nominearre foar de Wrâlderfgoedlist no al op de kaart. Twa ton liket hjir genôch, mar as der mear komme moat dan moatte wy dat fine. Wy moatte sjen litte dat Frjentsjer de Stjer fan de Alvestêden is.”

 

Ynvestearrings MFC Seisbierrum & Rie

De fraksje fan de FNP hat yn de ôfrûne tiid in protte kontakt hân mei de beide wurkgroepen út dizze doarpen. Wat eins wol wat út de loft fallen kaam yn it foarstel yn novimber wie dat it kolleezje foar beide doarpen de gymseal der bûten hâlde woe. En dat fernuvere de beide wurkgroepen ek tige! Foar Seisbierrum, dy’t no krekt sa moai op wei wie om partijen byinoar te bringen, like it oft har de poaten ûnder de stoel weiseage waarden. Foar Rie kaam it as in grutte teloarstelling seker om’t sy yn 2012 werom stjoerd wienen mei de opdracht om te kommen mei in foarstel foar in MFC mei gymseal!!

 

Der waard troch alle fraksjes oproppen om te sjen nei de reservearring yn it Integraal Huisvestingsplan (IHP) wêr't in gymseal yn opnommen is foar de nije skoalle yn Seisbierrum. It kolleezje seach dat lokkichernôch ek yn en paste it oan sadat it no yn jannewaris wer oan bar kaam. Earst opnij yn de kommisje om it te toetsen en om ús in byld foarmje te litten.

 

Foar it doarp Seisbierrum stie no it foarstel op papier om fierder gjin easken te stellen oan it draachflak en de plande ynvestearring foar in gymseal te hânhavenjen. Foar Rie bleau it de oertsjûging fan it kolleezje dat de eksploitaasje net hoopfol genôch wie en in gymseal foar in doarp mei 400 ynwenners ûnferantwurde.

 

Stanpûnt FNP

It basis- en middelber ûnderwiis moat der op rjochte wêze talintûntwikkeling beskikber en berikber te meitsjen en de FNP fynt it wichtich dat sport, ek de Fryske sporten, in goed plak krije yn it ûnderwiis en ek yn in gymseal (en dat sa ticht mooglik by skoalle/hûs). In MFC mei gymfasiliteiten kin der foar soargje dat it leefber bliuwt yn it doarp. Want jo biede sa mear mooglikheden, ek foar oare ferienings en aktiviteiten. Derneist moatte jo net wolle dat de gemeente aanst mear jild kwyt is oan it ferfier fan bern nei de gymsealen yn Frjentsjer en omkriten en dêrmei de kwaliteit fan it ûnderwiis nei beneden giet.

 

Twa ton en in ton út it doarpsfisyfûns is yn ús eagen net foldwaande foar de plannen fan Seisbierrum. De FNP hat de portefúljehâlder om in tasizzing frege (en krigen) om mei faasje de planfoarming te stypjen, mei-inoar op te arbeidzjen en in ynspanningsprestaasje te leveren om yn maaie 2015 it plan klear te hawwen.


Foar it grutste doarp fan ús gemeente moatte jo mei-inoar oparbeidzje, dat ynspirearret en enthûsjasmearret minsken ta mear! En dêr hawwe wy as gemeente in foarbyldfunskje yn,
sa pleitte Gea Iedema (8 jan.15).

 

De urginsje yn Rie is grut en in plan sûnder gymseal is yn prinsipe sa út te fieren. Trije ton is in protte jild mar dochs hawwe wy fan de FNP oproppen om ek de gymseal út de 70ger jierren ôf te brekken en it bedrach dat je kwyt binne oan ûnderhâld en eksploitaasje te kapitalisearjen en dat te besteegjen oan it MFC yn Rie. Yn in multifunksjoneel sintrum foar in doarp ûnsteane nije ynisjativen en it ferbynt minsken. It is it klopjend hert fan it doarp! Ferskate ferienings meitsje der gebrûk fan en komme byinoar op datselde punt. It soarget foar enthûsjasme foar it ferieningslibben, de leefberens yn it doarp kin mei de realisaasje fan in MFC omheech gean. Gea Iedema sei ek noch wat oer it proses… oer hoe frjemd as dat ferrûn is:

 

It is sa jammer dat as jo frege wurdt wat jo hawwe wolle (tink oan in kado), jo dat sizze, fertelle hoe djoer it wurdt, sjen litte wat jo sels bijdrage en dêrnei eins wol wat de ferwachting skept wurdt dat je dat ek krije… en dan krije jo in oar kado! Ik tink dat eltsenien har foarstelle kin wat dat docht mei it gefoel. Jo binne fansels noch wol bliid, mar net tige bliid. Wy hawwe dan ek as FNP bewûndering foar hoe''t it doarp Rie hjir oant no ta mei omgiet. Se binne hjir, we ha it korps spyljen heard en earder wienen se hjir ek al mei in bus fol, wat in ynset en belutsenheid! (22-jan.15)

   

Stimferklearring

We hawwe úteinlik wol foar it foarstel stimt om’t we no net op’e nij fertraging wolle foar de trije plannen. Dêrom hat de FNP in stimferklearring ôfjûn wêryn we oanjûn hawwe dat de FNP fynt dat we as gemeente Frjentsjerteradiel te min dogge foar de doarpen. En dat we nei in regeling ta moatte dy't helder en rommer is foar de doarpen. En dat it proses yn de takomst seker better moat!

 

"In boumaster moat net allinnich tekenje mar ek de muzyk ferstean - In sitaat fan Vitrivius."

 



Ynvestearrings MFC’s Seisbierrum, Rie en Keninklik Planetarium



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer