NIJS   21-01-2021


Streekeigen Bildtse namme ‘Swarte Haan’ moat op Arrivatrein

De gemeente Waadhoeke moat yn petear mei de Provinsje Fryslân en Arriva om it beslút om de Nederlânske namme ‘Zwarte Haan’ werom te draaien nei de streekeigen Biltske namme ‘Swarte Haan’



"’t Is de taal dat maakt ’t ferskil" (Gea Iedema oer de Arrivatrein)

Dat fynt de riedsfraksje fan de FNP yn Waadhoeke. In kommisje fan Noardlike ûndernimmers en bestjoerders hat it beswier fan ûnder oare Bildts Aigene neist har dellein. De fraksje fan FNP Waadhoeke makket dêr beswier tsjin. 
 
Koartlyn is bekind wurden wat de nije nammen foar de Arriva treinen wurde. Ek ‘Zwarte Haan’ is keazen ta ien fan de nammen. De fraksje fan FNP Waadhoeke soe graach sjen dat de Bildtske namme op de trein kaam. FNP Wurdfierder Gea Iedema : ‘Der is gyn plakky te finen soa mooi, soa unyk as ’t Bildt. ’t Is de taal dat maakt ’t ferskil. Wat soe it no moai wêze at dat better foar it foutljocht brocht wurde kin? 

Gemeente Waadhoeke  en ek de Provinsje Fryslân  ha beide de ambysje om it taalferskaat en de meartaligens in mear sichtber plak te jaan yn de iepeniere romte. De partij wiist der ek op dat oare nammen fan de treinen wol yn it Frysk binne. Iedema: It is fansels prachtich dat der aansen treinen binne mei as namme ‘Alde Feanen en Reaklif, der past fansels Swart Haan hiel moai by. 

FNP Waadhoeke komt op 28 jannewaris oansteande mei in moasje frjemd yn de riedsgearkomste en freget oan it kolleezje om kontakt op te nimmen mei de Provinsje en Arriva. 

Lês ek Omrop Fryslân hjiroer en de Leeuwarder Courant.
 
Gea Iedema yn Wykein Aktueel fan Omrop Fryslân, fanôf 8min00
 
 



Downloads:
20200121moasje frjemd swarte haan.docx


Tags: ferfier yn fryslan, taal en kultuer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer