NIJS   01-02-2021


[Bloch] Bert Vollema

Nei it útkommen fan de foarige nijsbrief kinne we net sizze dat der neat bard is yn 'e gemeenteried en dat kinne wy al hielendal net sizze oer ús fraksje. Earst wol ik it hawwe oer de saken dy’t spile haw yn de ried: De ried hat in bats jild beskikber steld om de tekoarten by Empatec oan te suverjen. By Empatec wurkje minsken dy’t in ôfstân ta de ‘gewoane’ arbeidsmerk hawwe en yn in beskerme omjouwing wol wurkje kinne. Sis mar de ‘sosjalewurkplak’. Dat moast wol omdat it ryk te min jild jout en de gemeenten der no foar opdraaie en we kinne it net meitsje om de meast kwetsbere minsken yn 'e kjeld te setten.



"Empatec en Ferwerda" (Bert Vollema)

De ûnderwiis-fyzje is fêststeld en ek de feroarderingen en heffingen. Hjirby is ek de basis-heffing rioelbelesting ynfierd. Dat hâld yn dat elts adres no meibetelje moat oan de gemeentlike kosten foar it rioel, sels al binne jo dêr net op oansletten. Dat lêste wie nedich omdat de gemeente it rioel ‘kosten-dekkend' hawwe moat. Der wurde nochal wat kosten makke troch de gemeente dy't net opbrocht wurde kinne troch allinnich de minsken dy't wol op it rioel oansluten binne omdat it algemiene gemeentlike taken binne. Dizze kosten meie net betelle wurde út de opbringsten fan de ûnreplik-guodbelesting omdat minsken dy't yn in hierhûs wenje dan net meibetelje en dus wie dizze nije heffing nedich. Wy hawwe der in soad wurk fan makke om der efter te kommen as de hichte fan de nije heffing wol billik is en it hat bliken dien dat it goed is sa.


Ek hawwe wy ynstimd mei in ekstra kredyt foar de oanlis fan in fytspaad tusken Deinum en Dronryp, lâns it fan "Harinxma-kanaal" en wiene wy foar de op-skaling fan de doarpsmole-turbine by Tsjom. Wy binne yn prinsipe tsjin wynturbinen op it lân, mar hjir folgje wy de lijn fan de provinsjale FNP, dat doarpen dy't al in mole hawwe dizze op-skale meie. It jild komt dan ek oan de mienskip. Prachtich!


Ek hat de fraksje in moasje yntsjinne mei in ried-mearderheid oer de streek lutsen, mei it fersyk dat ús kolleezje kontakt sykje moat mei de provinsje en "Arriva" oer de namme fan in nij treinstel dat "Zwarte Haan" hite moat. Wij fine dat dy namme gjin rjocht docht oan it "Bildts Aigene" en wolle graach dat it "Swarte Haan" wurdt, sa't de Bilkerts it sels ek skriuwe. Dat joech nochal wat opskuor yn de media, mar sa't ik sei, wy binne hartstikkene grutsk dat we dit oer de streek lutsen hawwe. En as we it dan dochs oer it Bilt en opskuor hawwe: yn de fraksje is der sêft sein ek nochal wat bard. In pear dagen foar de krystdagen krigen it bestjoer en de fraksje in e-post fan Leendert Ferwerda dat hy him net mear thús fielde by de FNP en oerstappe woe nei "Gemeentebelangen".

 

No.... Jimme kinne begripe dat ús dat raar oer it mêd kaam. Twa leden fan it bestjoer en de fraksjefoarsitter hawwe besocht it Leendert Ferwerda noch út de holle te praten en dat like eins wol goed te gean. Mar in wike letter, lyk nei âld en nij, krigen wy wér fia de e-post it berjocht dat Ferwerda syn beslút definityf wie en per direkt oerstapte nei GB. Jimme hawwe dit allegearre folgje kinnen fia de media en hawwe dêr ek in berjocht fan it bestjoer oer krigen. Ferwerda hat mei syn aksje ús fraksje en de FNP Waadhoeke as party skeind en dat is ferhipte spitich.Mar we kinne dêr net yn hingjen bliuwe, wy moatte troch. Takom jier binne de gemeenteriedsferkiezingen en wij hawwe dus in soad wurk te dwaan. De fraksje hat nei inoar en it bestjoer útsprutsen manmoedich en fol fjoer troch te setten. En dat dogge wy dan ek!



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer