NIJS   01-03-2021


[Bloch] Wethâlder Jan Dijkstra

Op 'e foarste plak, tige tank foar al jimme lokwinsken foar myn 64e bertejier…3-3-57. Mei effisjinte fiering oer telefoan en kompjûter, wol aardich mar takom jier mar wer gewoan yn 't gemeentehûs.
We binne no krekt in jier fierder mei dy koroana.




"Ynterpellaasje-debat" ([Bloch] Jan Dijkstra)

Ferline jier koe ik myn jierdeifeestje hâlde en fuort dêrnei kaam de earste "Tichtplicht". Ik lies fan 'e moarn dat de GGD de earste risseltaten fan it faksinearjen sjocht. Der is hoop! En takom wike nei de KAPPER...dat wurdt tiid.En net ferjitte, we koene ek noch efkes op it iis stean, al wie it min iis en de leeftiid hjir net in goeie kombinaasje. Bliuwt in dochs in moai belibben ....en de knibbel giet al wer.

 

No efkes nei serieuze saken.Want ja...it giet hurd, fan dêr dat hjir ek alwer in nijsbrief leit. De earste wike fan febrewaris ha ik yn de foarige bydrage al wat oer skreaun. Ik ha my dy wike ek noch dwaande hâlden mei it ûndersykjen fan mooglikheden foar in kuierpaad by Deinum en der wie in digitale foarljochting oer de werynrjochting fan it gebiet ‘Groot Terhorne' by Bitgum-Bitgummole. Dy ha ik mist, mar it moaie plan letter wiidweidich lêze kinnen. Moai te sjen hoe as jo fan ûnderop saken foarinoar bringe kinne. We bliuwe it folgjen. De twadde wike ha ik mei Hans Nauta ris sjoen nei wat ik as wethâlder foar de FNP berikt ha en wêr as noch oandacht nedich is. Wichtich foar ús profyl foar de kommende ferkiezingen, want dêr binne wy mei in groep minsken mei oan de slach. Hearre wy grif mear oer it kommende jier...of we heare fan jimme wat der libbet. Dêr hoopje ik wol op.


Foar my wie it ek de wike fan myn twadde ‘ynterpellaasje-debat'. Dat is in ynstrumint fan de Rie, om in wethâlder (it kolleezje) goed troch te seagjen op in ûnderwerp. Yn dit gefal gong dat oer in lestige kwestje yn Tsjummearum dy't al jierren foar in protte gedoch soarget. Dit soarte debat wurdt ek wol faak brûkt om in wethâlder te beskeadigjen, bygelyks mei in saneamde ‘moasje fan Treurigens'. Troch goeie tarieding, mei de fraksje, amtners en kolleezje koe ik dat foarkomme en binne der in pear wichtige besluten nommen yn dit dossier. De oanfreger fan it debat, "Gemeentebelangen", hat der neat mei berikt en hat my net beskeadigje kinnen, ik fiel my just sterker. Fierder fan belang: in oerlis mei ‘Greidhoeke Plus' in agrarysk kollektyf, om dêryn te partisipearjen op wei nei in bettere lânbou foar boer en bewenner. Dy oergong yn de lânbou is oan 'e gong, mei alles wat der bij heard, slaan de kranten der mar op nei. Fan 'e wike hat de provinsje út namme fan deputearre Hoogland der wer in stap yn setten.

 

As wethâlder duorsumens sykje ik in rol yn dat proses op lokaal nivo. Dus kontakt mei boeren en natuerminsken om mei-inoar nije linen te finen en út te setten. In moai foarbyld fan hoe as dat kin is it proses wat wy yn gong setten ha om kolisse-lânskip rûchwei tusken Wier en Marsum te beskermjen. Dat dogge we troch mei boeren, beskermers, doarpsbelangen en deskundigen mei-inoar dêr in foar alle partijen akseptabele wize foar te betinken. Grutte winst: it is in plan fan de bewenners mei-inoar: doel minder frustraasjes, mear akseptaasje, minder regels en kontrôle, minder gedoch en tsjinakselje en belangryk: bettere beskerming. Yn dat proses is einlik (langer duorre troch koroana) in wichtige stap setten. Foar de simmer ôfrûnje, hoopje ik.

 

Tegearre mei kollega wethâlder Caroline de Pee ha wy twa by-ienkomsten hân ynsake toeristyske ûntjouwingen op Swarte Haan. Bewenners fine dat it te drok wurdt en ha no al lêst fan tefolle ferkear, hawwe se oanjûn. Wy binne ta de konklúzje kaam dat de ûntjouwingen op himsels troch gean kin, mar dat de ferkear situaasje wol om in oplossing freget. Wurdt ferfolge.


Dan de enerzjy oergong. Dizze koälysje hat fêststeld dat Waadhoeke yn 2040 enerzjyneutraal wêze moat. De ôfrûne jierren ha we dêrfoar hurd wurke oan in duorsumens aginda (fêststeld 2 july 2020, dat gong oer: bio-ferskaat, sirkulearre ekonomy, sels oars en enerzjy oergong). As FNP wiene wy wiis mei dy aginda...wy hiene sels noch wol wat fierder gean wollen, mar dat woe it CDA net...wit jimme noch?


Tiisdei 16 febrewaris ha we in idee oer in enerzjy lânskip presintearre oan de Rie, as mooglikheid om nei 2040 ta te wurkjen. Dat is dan wol efkes skrikken as men sjocht wat dat betsjutte soe mei it ferwachte gebrûk en de besteande mooglikheden om dat allegearre op te wekken. De reaksjes lieten dat ek sjen. As wethâlder bin ik fan miening dat sa'n lânskip oerwage wurde moat, om ús gemeente te beskermjen foar enerzjy projekten rûnom yn de gemeente en dêrmei in ferskuorrende ferromlingen fan ús lânskip. Mar de diskusje moat noch starte en we sille sjen wat men der fan fynt. Der komt earst in bij-ienkomst foar ús ynwenners (publykjsesje) en dêrnei kearn-teams mei de Rie.

 

Wurdt in stevich item foar de kommende moannen.Dan hiene we in wat my oanbelanget moaie ledegearkomste. Al wie it digitaal.Oanwêzich wiene jong en âld. Mei beide binne we wiis en de jongerein sille we de kommende tiid graach wat meinimme yn it politike sirkus. Yn dat sirkus ha ik ek kontakt hân mei Sijbe Knol en myn kollega wethâlders en Annigje Toering fan it Haadbestjoer FNP, mei de bedoeling om ienheid te finen en út te strielen. Takommende wike hawwe in saneamde "Pommeranten oerlis" om dêr mear hannen en fuotten oan te jaan. Dan hiene wy juster noch in moaie dei mei kolleezje en direksje yn it âlde stedhûs, om it kommende lêste jier fan it kolleezje mei-inoar troch te nimmen. As kolleezje hat elts syn oandachtspunten oanjûn, elkoar rie en of krityk jûn en we hawwe der nocht oan, it kommende jier. Foar't wy it witte is it ek foar ús ferkiezingen-tiid.It gong ommers hurd....Graach oan april. Jo wethâlder sil efkes nei Amsterdam...want ja myn frou wurdt beppe sjoch.



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer