NIJS   01-04-2021


[Bloch] Wethâlder Jan Dijkstra

April docht wer krekt wat as er wol, wat is it roetkâld net. De sniebuien fleane ús noch om de earen…nei in pear dagen fan maitiidswaar. De ljipaikes dy 't fûn wurde meie wol binnen en wachtsje op wat waarmer waar.



"De wethâlder en de ljippen" ([Bloch] Jan Dijkstra)

Wilens binne we wer mei fan alles dwaande, kin wol sizze dat ik it aardich drok ha. Ik nim jimme hjir dêr graach wer efkes yn mei.

 

Sa yn de twadde wike fan maart ha ik de gebrûklike oerlizzen mei ‘myn' amtners: kultuer, duorsumens, "Sence of Place", kommunikaasje, struktureel oerlis mei kollega Boon fan Harns oer de RES. Boon sit nammers Noardwest Fryslân yn de stjoergroep RES (Regionale Enerzjy oergong) en we prate elke moanne by. Der is noch folle mear san wike, mar alles opneame makket dit skriuwen wol hiel saai, dus dat neam ik allinnich as der wat te melden is.

 

Sa ha we mei Seisbierrum oerlis om it efkes foar't krús sit mei in tal saken. We lûke dat wer flot en it spul kin fierder, û.o. de tarieding fan it nije doarpshûs en it slatten fan in stik Seisbierrumer-feart. Ek ha ik dy wike nei Urk west foar in byienkomste mei myn interfyzje-kollega's. Altyd nijsgjirrich en foar wat positive enerzjy. Foar kollega Nel Haarsma nim ik diel oan in oerlis oer Folkshúsfêsting, mei de noardlike gemeenten en Ljouwert. Oanlieding it "Deltaplan" foar it Noarden en alles wat dat ynienen opropt. Yn it oerlis stelle we fêst mei-inoar op te lûken en Ljouwert syn rol ek te gunnen, as we mar mei-inoar profitearje.

 

Dan ha we, as earder oankundige, as trije wethâlders mei de FNP steatefraksje, foarsitter FNP Wouter Wouda en Bram Bonnema nammers de wetterskip-fraksje, deputearre Fokkinga en Johannes Kramer as foarsitter, in goed oerlis hân. Fuort ôfpraat dat we inoar better meinimme sille as der wat spilet. In goeie aksje, dy't dus ferfolch kriget. Mei kollega Mirjam Bakker fan Súd-West-Fryslân bin ik by deputearre Sietske Poepjes op besite west. Doel wie te witten komme wat de provinsje betsjutte kin foar de kultuursektor en benammen ek it plan fan fiif teaters, wêrûnder de Koornbeurs, om meienoar nije wegen te sykjen.

 

Koart dêrnei dat trochpraten mei de direkteur fan de Koornbeurs, Titia Huisman. Sy sit fol ideeën en is binnen de mooglikheden goed dwaande. Dy wyks mocht ik ek ús jonge leden Jurjen Politiek en Dieke v.d. Pol wat fertelle oer it gemeente polityke wurk. Ik fûn it tige nijsjierrich en ha in noflike middei mei harren hân. It wie ek de wike fan de ferkiezingen...mar dêr is hast wol genôch oer sein liket my. It wie dochs in goeie dei foar de demokrasy soe ik sizze.Wilens wy dizze wiken thús yntern oan it ferbouwen wiene, foel it net altyd ta om myn wurk te dwaan. Lokkich koe ik sa út en troch útwike nei it gemeentehûs. It wie ek de wike fan it "kearnteam mobiliteits-fyzje", oftewol hoe geane we de kommende tiid om mei ferkear en ferfier.

 

No't it oer ferkear giet, ik ha ûnderweis yn de auto mei myn soan, in digitale by-ienkomste hân (ja, hoe is it mooglik no) oer ‘Tino's. Dat is in foarm om minsken te fermeitsjen yn de binnenstêd, troch digitale aktiviteiten yn in leech pand te dwaan. Sille wy grif wol is mear fan hearre. Ek ha ik in by-ienkomste folge oer wetterstof omt ik witte wol wat dêr de mooglikheden fan binne. Dêryn waar wol dúdlik dat dat foar ús foarearst net folle betsjutte kin, miskien op termyn wol foar de yndustry. Wie aardich ferhelderjend.

 

Ek hiene we wer in jûn mei de wurkgroep fan de rie oer de omjouwings-wet, dy't no dochs tichteby komt (2022). En jûns mocht ik noch meidwaan oan in programma wat opsetten is foar nije minsken dy't ynteresse ha yn de polityk. Ik fûn it moai te sjen dat der rom tritich dielnimmers wiene, dat jout hoop foar de takomst.

 

Mei Bram bin ik noch de tegel-sosjeteit oer duorsumens, benammen enerzjy-opwekje, oan it tarieden. Dy hâlde we digitaal op woansdei 14 april, jûns om 20.00 oere. Ik hoopje dat jimme massaal oanslute wolle, want ik bin wol benijd nei de FNP mieningen oer benammen it enerzjy-lânskip wat we betocht ha om ús doelstelling te heljen: enerzjyneutraal yn 2040.Nei de peaske ha ik oerlis hân mei it bestjoer fan it keatsmuseum, jimme wol bekend. Yn dat petear koene wat ûndúdlikheden fuort helje en hooplik wat skot bringe yn in moai plan. Der wie in ried brede foarljochting oer de wen fyzje en de sosjale ynklúzje. De fraksje fan de FNP miste dêryn de ferwachte helderheid oer wenning-bouplannen fan de doarpen. Sil grif ferfolge wurde.Dan hie ik noch in koroana bestindige besite oan de tsjerke fan Froubuorren. Doel it oargel besjen, wat nedich restaurearre wurde moat.

 

Ek ha ik dy wike in besite brocht oan de maatskip Bierma-Hoogterp yn Ouwesyl. We ha in hiel fijn petear hân, mei grutte kâns op ferfolch, benammen as it giet om ferduorsumens en mooglike oansluting by lânbou-kollektiven. Yn sa'n kollektyf wurkje boeren fan ûnder op, mei oare partijen oan mear bio-ferskaat en ferduorsuming. Tige hoopfol. Neist allegearre oare saken ha ik fan 'e middei mei de boargemaster nei it ‘Valkeniershuis' yn Frjentsjer west. Dat is in ferpaupere histoarysk pân oan de Foarsjitte, wat troch Doarp- en Bedriuw Fryslân opknapt wurdt. Bliid dat dat oppakt wurdt.



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer