NIJS   01-04-2021


[Bloch] Hans Nauta

Hjoed is ‘t 6 april…. Ik mei graach mei myn hannen yn ‘e modder omwrotte, dat ik wol hiel graach efkes op myn túntsje oan ’t wurk. Mar dat wurdt ‘m net. De snieflokken fleane ús om ‘e earen en it is glûpendst kâld.

"40 hektare sinnepanielen, in skande" ([Bloch] Hans Nauta)

Ik ha it oars wol in bytsje oan tiid soene je sizze kinne, want sa't jimme wol witte ha ik myn bedriuw ferkocht. Hawar, polityk waar sille we mar sizze.Der stiet fan ‘e wike wer in soad op it programma. Alle jûnen fan ‘e wike efter it byldskerm. De iene gearkomste nei it oare oerlis. De kop moat der al by oars komme jo der yn om.

Dêrnjonken bin ik drok dwaande mei de enerzjy - oergong. Neffens my gean we te hurd! It ferstân moat foarop. Ik fyn it skande dat der in foarstel leit om 40 ha grûn fol te lizzen mei sinnepanielen. En dan ek noch krekt in gebiet wêr't in protte greidefûgels sitte! Dat noaske  hielendal net! Bin der poer op tsjin! Stek dan earst tiid yn it ûndersykjen fan sinnepanielen op platte dakken. Wat kost it, wat smyt it op. We hoege net hurd!Sa njonkelytsen ha ik in hiel argyf oanlein oer dit ûnderwerp. It docht mear en mear bliken dat men rûnom tsjin problemen oanrint. Grutte problemen wol te ferstean, ek foar ús neiteam.

 

Ik meitsje mei der grutte soargen oer! Om de kop in bytsje leech te krijen gean ik sa no en dan ris efkes it fjild ien. De neisoarch, ek tige wichtich. Fan 100 span ljippen nei no noch fjouwer span! Lokkich ha ik it noch meimakke, mar we geane de ferkearde kant op! Eartiids kaam de predaasje fan út de loft, byg. de mûzebiter. Mar ek dat is feroare. De foks en de stienmurd binne no de grutte predatoaren. We hâlde net in fûgel mear oer. Heare jimme noch ljippen sjongen? Sjogge jimme se noch oer de wjuk gean? Ek dêr ha ik grutte soargen om. It wie dreech sykjen op dy ûnhuerich grutte fjilden, mar mei myn maat ha ik ferline wike trije broedsjes en in trijke fûn. In pracht gesicht!Ynkoarten gean we los mei de propaganda yn ferbân mei de gemeenteried-ferkiezings fan 2022. Der is in soad wurk te dwaan op it politike mêd. De FNP moat ôf fan it imago dat der te min jongerein by sit! Dêr moatte we noch mear oan wurkje!

 

En hoe krije we dat? Der moatte sawiesa mear froulju by! En dêr moatte we ús allegearre foar ynsette! De polityk leechdrompelich foar it fuotljocht binge! Net allinnich by mannen, mar seker ek by de froulju! Hoe jonger hoe better! Wy moatte stipe jaan oan de froulju. En dy (jonge) froulju sels....dy moatte mear foar harren sels opkomme! Net tinke fan ‘dat kin ik net', mar fol fjoer der tsjinoan! Mei-inoar! Mannen en froulju! Dan kinne wy prate fan in brede Fryske Folkspartij!! 



Tags: bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer