NIJS   01-09-2020


[Bloch] Bert Vollema

We hawwe de fakânsje al wer hân en de gemeenterie is al wer fol yn bedriuw. Ik moat sizze: it hat wol in nuvere tiid west.

"In núvere tiid" ([Bloch] Bert Vollema)

Sa't jimme begripe kinne hat it koroana-firus syn spoaren lutsen en koene wy as ried en fraksje ynearsten net byinoar komme en moasten we digitaal fergaderje. Lokkigernôch is dat wer efter de rêch en kinne we mei de bekende maatregels inoar wer moetsje. En as je dan werom sjogge blykt dat we ek noch in berch wurk út de wei setten hawwe.


Yn maaie is de kultuer-nota oannommen, foar ús partij fan grut belang en ús wethâlder Jan Dykstra kin hjir no lang om let mei oan 'e slach.

 

Ek hat de rie him útsprutsen efter de RES Fryslân te stean. In goede saak want no folgje wy mear it provinsjaal belied en wurdt it net in wyld-west fan sinne-greiden en wynturbines. Yn juny hawwe wy it ‘Biodiversiteits Aksje-plan' Waadhoeke fêststeld. Alwer ien fan de spearpunten fan de FNP Waadhoeke. Spitigernôch hat ús koalysje-genoat it CDA it plus-pakket mei in wearde fan sân ton yn oparbeidzjen mei de opposysje net meinimme wollen nei de begrutting fan takom jier. Dat joech slaande rûzje binnen de koalysje fansels. Dat is mei-inoar útpraten en wy sjogge wat we de kommende tiid noch wol út 'e wei sette kinne.

 

Op twa july is Hester Britt Sijtsma troch de gemeenterie ynstallearre as nije berne-boargemaster fan de gemeente Waadhoeke. Se wennet tusken Easterlittens en Winsum en heart pas sûnt koarten ek ta de gemeente Waadhoeke. De fraksje winsket har in protte sukses en wille ta yn de kommende tiid. Yn deselde gearkomste hawwe wy de duorsumens-aginda fêststeld mei de budzjetten dy't dêr bij heare. Ek wer in tige wichtich item foar ús partij. Al mei al hawwe wy in soad FNP punten binnen helle de lêste tiid.Foar de kommende tiid stiet de begrutting fan takom jier op 'e rol. Yn earsten de ramt-nota (kader-nota) wêr't it ramt úttekene wurdt hoe't de begrutting foar takom jier der útsjen sil.

 

Dat is dit jier bêst spannend want ek hjir fiele we de gefolgen fan de koroana en blykt der nochal wat minder romte te wêzen foar nij belied. Dat jout in hiele berch sifer-boel, mar we dogge ús bêst om saken dy't foar ús partij wichtich binne der út te slepen en it op de begrutting te krijen.




Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer