NIJS   01-11-2020


[Bloch] Gea Iedema

Begjin oktober stie in ekstra kredyt foar it MFC Berltsum op ‘e wurklist. It kolleezje stelde út om harren in kompensaasje foar de sterk stige boukosten te jaan.



"It Stedhûs en de Aardappelbeurs" ([Bloch] Gea Iedema )

Begjin oktober stie in ekstra kredyt foar it MFC Berltsum op ‘e wurklist. It kolleezje stelde út om harren in kompensaasje foar de sterk stige boukosten te jaan. De FNP hie yn maaie 2018 al ynstimd mei it foarstel foar in foarskot op de takende subsydzje en dêrmei ek mei it ynsette belied fan Menaam. Dat ek it MFC Berltsum no mear nedich hie, is ús net frjemd. Ek oare MFC's hawwe foar de stige boukosten al ekstra jild krigen fan de ried. Foar de FNP wie it dus al gau helder dat wy ek hjir yn mei gean soenen.By it pleit ha ik it ‘Berltsumer Liet' foardroegen en de wurkgroep hat witte litten dit ek by de iepening fan MFC "It Stedhûs" no brûke te sillen.It liet sels stiet op ús webside.

 

Letter dy moanne hawwe wy ynstimd mei de ‘Herstrukturearring St. Jabik en ûntwikkeling lokaasje Puolduk Dronryp'. As dit it earste beloofde maatwurk is fan wat wy yn de wenfisy mei-inoar ôfpraten hawwe, no dan smakket dit wis nei mear! De FNP koe trije arguminten betinke om hjir mei yn te stimmen. Omdat we yn earsten fine dat der bouwt wurde moat yn alle doarpen. As twadde dat fersutere wenningen/gebouwen opknapt of ôfbrutsen wurde moatte. Dan trije, om' t wy fine dat by nijbou earst sjoen wurde moat nei ynwreidingslokaasje. Mar der is noch in argumint, want we hawwe mei de koâlysje ofpraten dat we mei ûndernimmers soargje sille foar foldwaande adekate húsfestung foar wurkmigranten. Dizze herstrukterearring en nije ûntwikkeling is in kwantiteitsslach foar Dronryp as groeikern en in kwaliteitsimpuls foar Sint Jabik.
Ik ha ek noch wat yn it Bilts sein (it sil wol net goed skreaun wêze, mar dêr giet it no efkes net om):"Groat respekt is d'r foor 't dorp Sint.-Jabik, om de arbeidsmigranten 'n plak te geven in en om hur trefplak de ‘De Aardappelbeurs'. 'n Geweldig foorbeeld foor ândere dorpen en der mâge wij as folksferteugenwoordigers en as kleurrike gemeente Waddenhoek groats op weze." De ôfrûne wiken stiene ferskate berjochten yn de media oer de sakjende âld papierpriis en dat dit in protte ferieningen opbrekt of ôfbrekke sil. Op inisjatyf fan de FNP hawwe wy as koälysje skriftlike fragen stelt om 't we ús soargen meitsje oer de ûntwikkelingen oangeande it opheljen fan it âld papier.

 

Seker no 't de prizen sa omleech geane. It opheljen is in tradysje, o sa wichtich foar de sosjale koheezje en in moaie wize fan it barren fan ekstra ynkomsten foar klups, skoallen, wyk- en doarpsferieningen. En de gearwurking hat effekt op it miljeu om 't de ôffalstream fan papier diel útmakket fan in sirkulêr systeem. Yn Waadhoeke hantearje wy ferskate regelingen om ‘t de sûnt de fúzje noch net belied op makke is. Sa is der foar de ferieningen yn it de eardere gemeente Frjentsjerteradiel in garânsjepriis - wêrmei de priisskommelingen, dy't troch fraach en oanbod ûntstean - opfongen wurde kinne foar de dielnimmers. Yn Menaam en it Bildt is it neffens ús ynformaasje krekt wer oars regele. Hokker fragen wy stelt hawwe kinne jo lêze op de webside fan FNP Waadhoeke. Der kinne jo ek de beantwurding fan de wethâlder hearre.    Dan bin ik sels noch foarsitter fan in kernteam west wêr 't gie oer it swimwetter yn Waadhoeke (sawol oerkape as iepenbier).

 

De FNP hat, neist alle oare partijen, oanjaan kinnen hokker senario's se útwurkje litte wolle. As dat bard is sil de gemeente ek de ynwenners fia in enkête hifkje nei harren miening. Yn jannewaris sil wy de wichtigste swimbaden besykje en dernei wolle wy noch graach in kernteam organissearje om ynwenners oan it wurd te litten, foar it riedsútstel by ús op tafel komt.Al mei al is dit sa ‘n bytsje wêr ik my yn de ôfrûne moanne mei dwaande hâlden ha. Ta beslút wol ik mei-jaan dat ik it kontakt mei de leden wol mis.Is it wier net mooglik om "online" in kear in gearkomste te organisearjen? Je kinne der ek in protte wille om hawwe... dat hawwe wy yn de fraksje ek wol ûnderfine kinnen. Graach ‘oant sjen' en wat my onbelanget sa gau as mooglik.



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer