NIJS   01-12-2020


[Bloch] Hans Nauta

It rint alwer op’t lêst mei it jier 2020. In núver jier! Mei de boatenferhier en theetún moasten we troch de Corona maatrigels earst ticht bliuwe, wylst wy op 1 juni wer iepen koene.



"Krystbeammen sammelje blinder" ([Bloch] Hans Nauta)

Bêste minsken,It rint alwer op't lêst mei it jier 2020. In núver jier! Mei de boatenferhier en theetún moasten we troch de Corona maatrigels earst ticht bliuwe, wylst wy op 1 juni wer iepen koene. En doe wie it fuortendaliks drok mei toeristen, mei name út Hollân, dy't ús moaie Fryslân ûntdutsen. Wy hearden hiel faak dat "het hier zo mooi is" en dat wy Friezen "zo aardig zijn". Fansels, dat witte WY wol, mar in soad minsken út Hollân dus noch net.... Harren eagen binne yn dizze simmerfekânsje iepen gean.

 

Myn frou en ik hiene al earder beslúten dat 2020 ús lêste seizoen wêze soe. Sadwaande wie 30 september ús lêste dei. It bedriuw Nauta is oergongen yn oare hânnen, mar wol yn 't selde doarp. "Dan silst dy no wol ferfele tink" is in gjalp dy't ik gauris hear. No nee, dat is net sa. Myn frou hat betocht, dat it hûs no moai ferboud wurde kin, dus dêr bin ik drok mei dwaande. En mei de polityk fansels. Dêr is no ek mear tiid foar.Wat ha ik ûnder oare by ‘t ein hân: sa bin ik drok dwaande west mei it fytspaad Dronryp - Hotsum - Baaium; peatearen mei de fertsjintwurdigers fan de doarpsbelangen, gearkomsten, fraksjeoerlis oer dit ûnderwerp ensfh.

 

Der kaam ek in fersyk út de mienskip om wat oan de gefaarlike situaasje op de Ljouwerterdyk yn Frjentsjer te dwaan foardat der noch mear ûngemakken plakfine soene. Nei in goed petear mei wethâlder Tol is dêr in stek delsetten om de feilichheid te befoarderjen. De ferkears-situaasje yn St. Anna, dat hâlde we fansels ek skerp yn 't each! De krystbeammen-aksje fan ferline jier hat fertúten dien. Dit is der lokkich troch kommen. De doarps- en wyk-ferienigings krije berjocht dat de bern de beammen wer sammelje kinne. Se wurde troch de gemeente sintraal ophelle.

 

De ôfrûne tiid kamen der ferskate berjochten yn de media oer de sakjende âld papier-priis en dat dit in protte ferieningen opbrekt of ôfbrekke sil. Hjir ha wy noed oer en dêrom binne hjir skriftlike fragen oer stelt oan it kolleezje. Hawar, jimme sjogge wol, ik ferfeel my net. Ferfele...dat docht de hiele fraksje net. Dat stiet net yn ús wurdboek.


Mei út namme fan de oare fraksje-leden wol ik jimme allegearre in moaie, noflike kryst en in goed nijjier tawinskje. Bliuw sûn! Dat is it wichtichste liket my.



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer