NIJS   28-05-2022


[Bloch] Bert Vollema

Tiisdei 24 maaie binne ús ambysjes foar gemeente Waadhoeke besprutsen yn de ekstra riedsgearkomste oer it koälysje-akkoart.



"Koälysje-akkoart boppeslach foar de FNP" (Bert Vollema)

Wier... it nije koälysje-akkoart: "Sûn wurkje oan 'e takomst" is in boppeslach foar de FNP. Witte jimme it noch?

 

Wenje wêr't we wenje wolle

-        We sette fol yn op mear wentebou, ek mei maatwurk op de lytse doarpen.

-        Der komt in startersliening foar de jongerein. Mear bouwe foar doelgroepen en foarkar foar minsken mei in sosjaal-ekonomyske bining.

-        Boppedat sille de mooglikheden ûndersocht wurde om boukavels op erfpacht út te jaan.

 

Tichtby, fertroud en werkenber

-        Ús wize fan libjen, mear dwaan mei plannen fanút de mienskip (en sjen dat we it net tsjinwurkje mei útwrykse Haachse rigeljouwing) de doarpe-koördinatoaren krije dêr ek in gruttere rol yn.

-        Ús taal en kultuer: it taal- en kultuerbelied bliuwt oerein, mei ekstra omtinken foar it Frysk, Bidtsk en it Franekers.

 

Ús lânskip, ús romte, ús goud...

-        Ynset op mear gearwurkje mei boeren, mear bioferskaat mear fertikaal grien wêr't dat ferantwurde kin. Fierder bouwe oan al it belied dat al yn gong setten is.

-        Hoeden omgean mei ús karakteristike lânskip.

 

It hoecht hjir net perfekt, it mei ek wol wat rûger

-        Inisjativen dy't de natoer, it lânskip en it bioferskaat fersterkje krije folop de romte.

-        Jongerein krijt mear ferantwurdlikheid by ketenbelied.

  

Fansels arbeidzje we mei-inoar op yn de nije koälysje fan SAM, Gemeentebelangen en de FNP, mar dit binne de saken dy't tige wichtich binne foar de FNP. Dus ek foar al dy minsken dy't op ús stimd hawwe yn Waadhoeke. We hawwe der sin oan.

 

Harkje hjir nei myn reaksje op de 1e temyn yn de riedsgearkomste fan 24 maaie.



Tags: Algemien, Bloch, Ferkiezings, Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer