NIJS   05-05-2022


[Bloch] Wethâlder Jan Dijkstra

4 maaie ha ik yn gearwurking mei de fertsjintwurdigers fan de doarpsbelangen, op ferskate plakken yn Waadhoeke (Hitsum, Wjelsryp, Tsjom, Easterbierrum en Seisbierrum) krânsen by de grêven fan oarlochsslachtoffers lein. Yn Seisbierrum ha ik noch in lytste taspraak hâlden. 



"Sûnder tefolle ik, kinne we ús frijhyd behâlde" (Jan Dijkstra)

"Frijheid fine we tige wichtich yn Nederlân, elts hat dêr syn eigen idee by. It faakst neamt men de frijheid om te stean, te gean, te kiezen wêr en wat josels wolle, sûnder ferantwurding ôf lizze te moatten oan wa dan ek. It liket sa gewoan. Eins is dit ek sa as it wêze moat, of wol moatte soe. Net allinnich yn Nederlân, nee oeral op de wrâld soe it sa wêze moatte. We sjogge lykwols dat dat net sa is, dat yn in protte lannen minsken dwaan moatte wat in oar wol, meast sûnder rjochten.

Goed 80 jier lyn wie dat ek hjir by ús it gefal. It fassisme krige it foar it sizzen en dien wie it mei de frijheid. In folk yn de macht fan misdiedigers. It wie in kweade tiid, in bange tiid, fol ûnrjocht en geweld, ûnminsklik en wreed, mei ferried en ferset. It oerkaam minsken as jo en ik, manlju, froulju, jong en âld...bern. It gefoel net wis te wêzen fan jo libben, of dat fan man, frou, freon, of bern is ferskriklik. Mekoar net fertrouwe kinne, neat kinne of meie. Fuort wie de frijheid.

Ús frijheid hat in skoftke ûnder druk stien troch maatregels om in firus. Dêr hiene we it al geandewei lestiger mei, mar it stie yn gjin ferhâlding mei de tiranny fan in oarloch. Troch mei-elkoar op te arbeidzjen ha we oarloch lang keare kinnen. Mei-elkoar. Dochs is der altyd wer it spûk fan oarloch, we sjogge it om ús hinne, fier fuort....oant Oekraïne ús tichteby mei de noas op de feiten drukt. We ha mekoar nedich, om it grutte ûnrjocht te kearen. Ek no is der ferrie en ferset. De tiid feroaret, minsken net. Mei respekt foar inoar, begryp foar elkoar, lústerje nei inoar en sûnder tefolle ik, kinne we ús frijheid behâlde. We tinke oan de minsken dy't yn de oarloch de striid ferlern ha, foar ús frijheid."

 

 

Foto's: Marylse van den Bosch, Gemeente Waadhoeke en eigen.

 



Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer