NIJS   13-12-2021


[Bloch] Hans Nauta

Op 9 desimber waard de rie frege om de boaiumfyzje fêst te stellen. Faaks komt der dan ek wol in fraach út it fjild, sa as: "Hokker belang hat in boaiumfisy?"



"Wy moatte it goeie dwaan as it giet om ús boaium" (Hans Nauta)


Fansels haw ik útlein dat it fan grut belang is dat we wol it goeie dogge op de plakken dêr wêr it kin. Der komt per slot fan rekken in hiel soad op ús ôf. Tink oan geotermy, sinnepanielen, fersilting en noch folle mear. Wat dat oan belanget is de takomst ûnwis en moatte wy it goeie dwaan foar it komplete belang fan ús ûndergrûn.

Wy binne tige bliid dat der no einlings in 'Boaiumfyzje' is. It proses is goed ferrûn; der binne ketenpartners benadere, der is in online publykssesje west en elts koe meidwaan oan in enkête hjiroer. Der wienen in oantal sjochwizen op it stik binnen kommen, dy't troch it kolleezje beoardiele binne. Yn de reaksjenota fan it kolleezje koene we lêze hoe sy bygelyks omgongen wienen mei de 15 punten (sjoch bylage), oftewol de komplete sjochwize fan de 'Nederlandse Akkerbouw Vakbond (NAV)'. Fan de earste fjouwer punten fûn it kolleezje dat se tekst (diels) oanpasse moasten yn de fyzje. En krekt dêr wiene wy it, as FNP, net mei iens.

 

Dêrom ha ik út namme fan de FNP in moasje (ek yn bylage) opsteld mei it diktum om de ferwurkingen fan de punten 1 o/m 4 fan de sjochwize NAV en harren fyzje op de ûndergrûn Waadhoeke, werom te draaien. Dizze hawwe wy as fraksje foarlein oan de oare politike partijen. De moasje waard mei Gemeentebelangen, Fraksje Bloem en SAM yntsjinne wêrtroch der al in mearderheid wie. En dy is yn de riedgearkomst dan ek oannommen. Dêr binne we tige mei op 't skik! Wy binne no yn ôfwachting fan de nijste ferzje.

 

 



Downloads:
Reactienota met reactiepunten en wijze van verwerking.docx.pdf
2021 12 08 moasje FNP fractie bloem gb sam boaiumfisy.pdf


Tags: Natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer