Mar feroaring hinget yn'e loft. Stadichoan is der de ôfrûne jierren in feroaring te sjen. De wurdearring fan de nacht wurdt sterker. Troch ûndersyk lere we dat keunstljocht it, sa wichtige, ritme fan mins, bist en plant ferstoare kin. En we sjogge yn dat de skimer, de nacht en de moarnsdage djip ferankere sitte yn ús dwaan en litten. Heartiids, at boeren hjir yn de Fryske kustgebieten thúskamen fan it lân wie it gongber om foar it jûnsiten noch efkes te "skimerjen". Nei dat de sinne ûnder gien wie en foar it jûnsiten noch krekt efkes in momint om by inoar te sitten om de dei troch te nimmen. Ús bakje kofje om fiif oere komt komt fan dit âlde gebrûk. It doel sil net wêze om werom te gean nei de ‘Dark Ages'. De 24- oers ekonomy sit yn ús tinzen. En derby heart ljocht. Mar it is in kar dy't we sels meitsje kinne hoefolle ljocht we talitte.
It belied is foaral bedoeld om sûnder tefolle rigels en hanthavening dêrop, mei ynwenners en bedriuwslibben it belang fan tsjuster (wer) in rol te jaan yn alderhande situaasjes. En bewustwurding, omt ljocht hyltyd makliker en goedkeaper makke wurde kin en dêrtroch maklik trochslacht en hinderlik wurde kin. Tink oan reklame.
Ik bin tige wiis mei dit belied, dat ha we dochs mar moai binnen helle. It beliedsdokumint is taheakke en fine jo ûnderoan dizze bloch.