NIJS   16-11-2021


[Bloch] Bert Vollema

Om't we ferline wike de programbegrutting behandele ha yn de gemeenterie fan Waadhoeke, diele we hjir efkes de bijdrage fan ús fraksjefoarsitter.



"We lûke it seil net heger as de mêst" (Bert Vollema)

"En wer kinne we der net om hinne: de koroanakrisis hat de hiele mienskip en dus ek ús hjir yn de besnijing.

 

Sa't we lêze koene binne der trije fases te ûnderskieden yn dizze krisis:

  1. Bestride
  2. Herpakke
  3. Opbouwe

We kinne wol sizze dat we alwer sa súntsjes oan ús aardich oan it herpakken binne en we aanst echt oan it opbouwen moatte. Wy binne in gemeente yn opbou en de koroanakrisis twingt ús de karren (keuzes) noch dúdliker te meitsjen.

 

En nee..... dit haw ik net út de algemiene skôgings helle fan de begrutting it wiene eksakt de wurden dy't ik brûkt haw by de kadernota fan 2020... wa hie dat tinke kind, dat no hast oardel jier letter súver deselde wurden brûkt wurde kinne yn de begrutting foar takom jier. Ik tocht doe yn juli 2020 wier dat we stappen foarút oan it setten wiene en we dwaande wiene mei it herpakken. Miskien wie dat nayf sjoen hoe't sa'n pandemy him ûntwikkele, mar ‘zalig zijn de onwetenden'. Want as jo altyd mar fan it negative útgean, dan hawwe jo gjin libben, is't net sa?

 

Yn dat ljocht sjocht de FNP nei de begrutting fan takom jier. In begrutting dy't neffens ús stiet as in hûs, mei in solide fûnemint. Miskien hie it kolleezje wol mear ambysje toane kind mar de FNP hat ek altyd foar in solide begrutting stien dat wy kinne ynstimme mei dizze begrutting. We lûke it seil net heger as de mêst.

 

De FNP fraksje fynt it skande dat bliken dien hat dat der útgeande fan de sifers en ferwachtingen in taakstelling ûntstien is. Koart sein: we moatte besunigje.  Mar dy besunigings binne nedich just om de ambysjes dy't we as jonge gemeente hawwe realiseare te kinnen. Relatyf sjoen is it gjin grut bedrach.... Mar dochs...

 

Dêrom fynt de FNP it in goede saak dat we dizze taakstelling brûke om ris goed te sjen as der noch wat ferburgen romte is en de saken nochris goed tsjin it ljocht te hâlden. Sjoch nei de seishûnderttûzen dy't no al fûn is yn it ‘plan van aanpak sluitende begroting‘ . Us fraksje wie trouwens wiis mei dit dokumint, wêr't helder yn beskreaun is wêr noch saken skrast wurde koene en hokker karren dêryn makke binne, sûnder bot skea te dwaan de doelstellings dy't  we foar eagen hawwe.

 

Op disse wize belêste we nije gemeenteried takom jier net en jouwe we romte om dan te kiezen en nij belied yn te setten. Dat liket ús partij in goed begjin! Us kompliminten hjir foar.

 

De algemiene reserve is op oarder, mei miskien wol in bytsje ekstra, om hjir en dêr foar te brûken. De tsjinstferliening wurdt oan wurke. Dat kin altyd better. Elsts moat goed te wurd stien wurde en moat op tiid antwurd krije. Dat is tige wichtich en der kin eins net hurd genôch oan lutsen wurde. It is wat minsken belangryk fine, dat is wat we ek altyd hearre by ús besites rûnom yn ús gemeente.

 

Ek kinne we sizze dat it ryksjild foar de koroanaskea helpt. It is troch it kolleezje ynsetten mei in goede ûnderbouwing wêr't it foar bedoeld is. Hjirby doele wy seker ek op it jild foar de kultuersektor, rjochte op oerlibje, kontakt mei-inoar hâlde en wer opstarte.

Mar it is net allinnich mar geweldich. Op ien novimber hat it feilichheidsberie besletten dat de gemeenten better hanthavenje moatte, minister Grapperhaus fûn sels dat der ‘mistery guests' ynsetten wurde moatte. Hoe tinkt de portefúljehâlder hjir stal oan te jaan yn Waadhoeke? Gean we mear repressyf kontrolearjen of gean wy mear fasilitearen, sadat elk safolle as mooglik oan de rigels foldwaan kin. As wurdt it in kombinaasje? En krije wy as gemeente dan ek noch wat ekstra budzjet fan it ryk om dat allegear rûn te setten? Wy fan de FNP wolle graach in antwurd op dizze fragen.

 

En dan wol ik jimme no efkes meinimme troch de programma's en de punten oanhelje dy't foar de FNP wichtich binne en wêz jimme bewust, it is in ‘bloemlezing' ik sil grif ek wichtige saken oerslaan, dat betsjut net dat we it as FNP fergetten binne: Dêrby wol ik ek noch efkes ús kompliminten jaan foar de heldere wize fan skriuwen. De ‘doelenbomen' dogge har wurk goed.

 

Bestjoer en ûndersteuning

It programma ûntwikkelperspektyf fine wy tige wichtich, it wurdt ek hieltyd konkreter: bygelyks it tichteby bestjoeren:

En dan helje ik mar efkes twa foarbylden oan :

Der wurke wurdt oan foarstellen yn regioferbân dat binne de regiodeals

We dogge dat yn oparbeidzjen mei ús eigen boeren. Te witten  de agraryske kollektiven Waadrâne en De Greidhoeke. Dit sille we op termyn weromsjen yn it lânskip. Mar it hâld ek yn dat eltse euro dy't de gemeente hjir yn stekt, der foar soarget dat der noch folle mear jild nei ús gemeente komt. It multipliereffekt.

Ek binne we bliid dat it  doarp/en wykfûns  oerein bliuwt, wat de FNP oangiet seker ek nei 2022. Dat foar ús tige wichtige fûns soarget foar bining en inisjatyf yn'e mienskip.

 

Ferkear en ferfier

Der leit in mobiliteitsfyzje, wêr't we efter steane. Goed ôfweagje wêr as we earst en lêst oan de slach moatte.

Guon partijen kinne net wachtsje op dy ôfwaging dy't rjocht docht oan de noeden dy't yn de híele gemeente libje en wolle in fystpaad fan Hatsum oer Baayum (en dan nei Winsum) mei in amendemint út it plan skuorre  en dêr no by de begrutting al de middels foar beskikber stelle.

Dat fernuvert ús want deselde partij dy't it foartou nimt by dizze moasje woe lêsten net dat der in troch it doarp Easterbierum in sels ûntwikkele nijbouplan mei faasje yn behanneling nommen waard, mar ‘dat de proseduere netsjes folge wurde moast' omdat der oars miskien wol 39 doarpen mei plannen op'e stoepe fan it gemeentehûs stean soene. Ús partij seit dêr by kom mar op..... dan kinne we ynfolling jaan oan it tichtby bestjoeren én ynfolling jaan oan it maatwurk foar wentebou op de lytsere doarpen. Mar goed we moatte net ôfdwale.

Dus...  Wat it amendemint  oer it fytspaad oangiet wachtsje ik graach efkes de reaksje fan de  de wethâlder ôf, mocht it wier sa wêze dat de gemeente foar ien desimber de middels beskikber stelle moat, sil ús partij dêr fansels net foar lizzen gean we kinne in grut bedrach oan subsydzje ek net samar oer de hage smite.

Fierder binne we benijd  nei de pleatsing fan laadpeallen troch ús gemeente, want de elektifisearing fan it ferkear is op gong en dan moatte wy der ek op klear wêze. Faaks kinne lantearnepeallen ek as laadpunt tsjinje.

 

Ekonomy

Waadhoeke is in plattelânsgemeente mei in grutte agraryske sektor en fierder kinne we sizze dat der hjir in soad lytse bedriuwen aktyf binne. Goed dat it kolleezje dêr omtinken foar hat en ynsette wol op ynnovaasje en ûndernimmerskip, de oansluting tusken ûnderwiis en arbeidsmerke ferbetterje wol en handich gearwurkje wol.

En miskien dat it goed is dat we ek yn dit ramt grutskalige opwek fan enerzjy yn ús lânskip ûndersykje wolle, want we ha dy stroom mear as nedich, just ek foar ús bedriuwslibben. Foar de FNP is dêrby fan it grutste belang dat de gemeente wol de leie hâld en it grutste part fan de opbringsten te goede komt oan ús eigen ynwenners.

 

Underwiis

Wichtich dat der mooglikheden kreëarre wurde om nijbou fan AMS en Kabas te realisearen. It is foar ús dúdlik dat dy beide skoallen earst oan de beurt komme moatte.

Fierder fine wij it goed te sjen dat we geandewei mear gearwurkingsskoallen op de doarpen sjogge.

En foar de FNP is it fansels ek wichtich dat it programma fan Waadzinnig (kultuer foar alle bern) yn alle talen fan Waadhoeke oanbean wurdt.

 

Sport, kultuer en rekreaasje

It sportbelied is harmonisearre en de buertsportcoaches dogge goed wurk. Kreas!

We hawwe in kultuernota dy't soarget foar ferbining en in helder doel om elts meidwaan te litten yn de mienskip, op hokker wize dan ek.

Trochdat we in helder kultuerbelied hawwe en sels ek ynvestearje, komt der bygelyks ek jild fan de provinsje ús kant op. Hjirby tink ik oan Koornbeurs, Planetarium en Museum Martena yn Frjentsjer.

Der is in kultuerplatform oprjochte en we helpe de kultuerwrâld mei regelingen en meitsje ferbiningen tusken partijen troch de ynset fan in kultuercoach. En we ha in ‘Dijk van een Wijf' binnen helle, in boppeslach  foar de Bjirmen.

Ek wol ik hjir neame dat der in stevich taalprogram yn gong setten is, mei jild fan de provinsje en ek eigen ynvestearring. We brûke ús talen sichtber en fertroud en dat docht fertuten. Der is in taalplatform en in taalkoördinator om it belied fierder hannen en fuotten te jaan. Tink dêrby oan gearwurking mei de Fryske akademy, Afûk en provinsje. 

 

Folkssûnens en miljeu

Wy hawwe in duorsumens aginda fêststeld en dy is no folop yn útfiering. We sjogge dat werom yn it grienbehear, en fansels yn de wrâld fan de enerzjy. Besparring en opwek.  It is helder dat we yn transysje binne op it mêd fan miljeu, mar we sjogge ek dat in tal inisjativen it yn de kadernota op dit mêd it net helle hawwe yn de begrutting.

Dat hie om ús echt oars moatten, en dêr bliuwt de FNP him hurd foar meitsjen, mar we sjogge no foaral nei wat wól op gong brocht is. Dêrmei leit der dan ek in ‘schone taak' foar de nije ried om just dát fierder te bringen.

En dan kom ik as fansels wer werom op myn wurden wêr ik myn ferhaal mei iepene: we witte noch net wannear de koroanakrisis foarby wêze sil en we kinne net allinnich mar fan it negative en risico's útgean we moatte perspektyf hâlde. Mei dizze begrutting leit der in solide basis foar de twadde riedsperioade fan ús noch hieltyd jonge gemeente Waadhoeke wêr't elts him as har thús fiele mei.

 

Thús yn Waadhoeke, op nei 16 maart 2021."



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer