Sels de regy by grutskalige opwek fan fernijbere enerzjy
Earder dit jier skrokken in protte minsken, ek provinsjaal fan de grutte plannen foar Waadhoeke op it mêd fan enerzjy-opwekjen. Dat wie doe oanlieding foar wat ûnbegryp ûnder inoar. Dat is yn de tiid dêrnei fuort nommen en dêr bin ik wiis mei.
Tige wichtich beslút fan de rie wie dan ek it feit dat Waadhoeke fierder mei, mei it ûndersyk nei mooglikheid en kânsen fan in enerzjy-lânskip. In beslút, dy’t grutte gefolgen ha kin foar de takomst fan Waadhoeke en hooplik ek in lokale bydrage oan in skjinner miljeu.
It doel is dat we oktober takom jier de útkomsten fan dat ûndersyk oan de rie oanbiede kinne. Dy rie sil dan bepale hoe as it fierder moat. Wat haww wy nedich, hoe wolle we dat, wêr wolle we dat, foar wa dogge wy it en ta beslút, wa meie dy stroom opwekke en wa wurdt der better fan? In protte fragen wêr’t ik fan fyn dat de gemeente de regy oer ha moat.