NIJS   06-05-2021


[Bloch] Wethâlder Jan Dijkstra

Dêr binne we alwer mei in stik yn dizze nijsbrief. It is noch hieltiten kâld, it ferbouwen by my thús sit der hast op en ik haw tige drok besette wiken efter de rêch. Lokkich is it takommende wike wat rêstiger omdat it maaitiids-fakânsje is. Dêrom skriuw ik no op sneontejûn myn oersicht foar jimme.



"Enerzjyopwekking sûnder it lânskip te skeinen" ([Bloch] Jan Dijkstra)

Begjin dizze moanne hie ik tegearre mei kollega Caroline de Pee hie ik it twa-jierlikse oerlis mei it lokale bestjoer fan LTO. Dêr ha we it oer in breed tal saken dy´t de lânbou oangean, faaks oer praktyske ûnderwerpen, minder oer oergong-saken. Dat is wol wat ik sykje mei de agraryske sektor en dêr nûgje we LTO ek wis foar út. Mar ek boeren dy´t net oansletten binne moatte wy sprekke.

 

Stiet allegearre op 'e priemmen, mar de koroana is noch goed dwers op dat mêd. We kinne noch net op besite. Ek bin ik yn de kunde kommen mei ús nije haad fan de ôfdieling ´Samenleving´. Belangryk omdat dêr ek myn (ús) portefeuilles Taal en Kultuer ûnder falle. Wy sille geregeld gearwurkje. Jûns wie der in oerlis mei it haadbestjoer fan de FNP. Tige wichtich wat my oangiet, wis no't wy wer in kampanje-jier yn de mjitte gean. Sille we it grif noch oer ha de kommende tiid. De wike derop in tige folle aginda, mei in protte oerlizzen en tariedingen. Benammen ek foar de presintaasje fan in enerzjylânskip. Ik ferwachte dêr wol aardich reaksje op en dat is slagge.

 

Seisbierrum
We hiene in "webinar" organisearre om dit nije idee oer enerzjyopwekking sûnder it lânskip te skeinen nei bûten te bringen. Grut opset, omdat it nochal earne oer giet, want wy wolle it lânskip net skeine, mar it feroaret wol fansels. Noch efkes de eftergrûn. Waadhoeke wol yn 2040 enerzjyneutraal wêze, hat dêrfoar yn 2020 in duorsumens aginda opsteld. Yn de ôfrûne trije en in heal jier ha we alle oanbeane sinneparken en wynmûnen bûten de doar hâlden. Dat jildt net foar de doarpsmûnen fan Tsjom en Hitsum as dy plannen ha. Mar mei bûten de doar hâlde binne wy der fansels noch net. Dêrom hawwe kritearia fêst steld foar inisjatyfnimmers fan grutskalige opwekke enerzjy, nml: keppeling fan sinne en wyn, klusterje ynstee fan fersnipperjen, minstens fyftich persint dielnimming fan de lokale mienskip en yn de buert fan in saneamd elektrysk ûnderstasjon. Dat lêste is wichtich om opwekke stroom ek kwyt te kinnen op it elektrysk net. Jimme kinne de lêste tiid faak lêze dat it elektrysk net fol sit en dat minsken net mear oansletten wurde kinne. Dit hat dêr mei te krijen. Yn Waadhoeke stiet in ûnderstasjon by Hjerbeam. Boppesteande kritearia brochten it kolleezje op in saneamd enerzjylânskip. Dat soe yn de buert fan it earder beëage kassen kompleks by Seisbierrum komme kinne. Dêr is al wynenerzjy, it is troch sâlte kwel minder geskikt foar lânbou, wie ornearre foar yndustriële túnbou en is yn de buert fan it elektrysk ûnderstasjon.


Mar der stiet mear yn ús duorsumens aginda, benammen oer it stimulearjen en oanlizzen fan mear bioferskaat. Dat wolle we graach yn dat enerzjylânskip meinimme. Lykas it siedzjen fan ynsekten lûkende planten, de opslach fan reinwetter, û.o. tsjin sâlte kwel en foar drûge simmers. It lânskip dat dan ûntstean kin moat ek geskikt wêze foar rekreaasje, tink oan fytspaden en wetterpartijen. Wat hingjen bliuwt is fansels it byld dat we achthûndert hektare sinnepanielen wolle by Seisbierrum. Dat is net wat wy wolle, mar jout in byld fan wat der no nedich wêze soe oan sinnepanielen, as we net suniger dogge mei stroom en waarmte (isolearje) en gjin nije techniken brûke soene. Dat moat fansels al en dan krije we in hiel oar plaatsje.

 

De kommende tiid hoopje wy fan de ried tastimming te krijen om dizze plannen fierder út te wurkjen, op wei nei 2040..2050. Doel: in bydrage leverje oan it better efter litten fan de wrâld foar ús bern, sûnder rûnom yn ús wide lânskip dêr de skeiningen fan te finen. Dyselde wike hawwe in diskusje hân mei jimme, ús leden. Helder is dat we wol skrikke fan it byld fan dy achthûndert hektare en graach oare oplossingen oandrage. Dat is no krekt wat der nedich is, oare oplossingen en in plak om dêrmei te eksperimintearjen. Mei dêrneist it trochgean binnen de mooglikheden oanlizzen fan sinnepanielen op dakken en oare maatregels as sunigere omgean mei enerzjy. We binne noch lang net útpraat. Ik doch dat graach nammers in partij dy't duorsumens heech yn findel hat, lykas as it lânskip. Sa earst genôch hjir oer. Want der is mear. As kolleezje binne we ek mei it lânskip dwaande, sykjend nei in mienskiplike fyzje. Sjocht der hiel hoopfol út en ik kin it FNP lûd der goed yn kwyt. Yn de riedsgearkomste fan 15 april ha it plan fan oanpak "Waarmte oergong" oannaam. Dat plan moat der ein dit jier lizze. Dêr moat dan yn beskreaun stean hoe as we tinke ús huzen foar 2050 fan it gas ôf te krijen. Wurkje we hurd oan en komt grif ek jimme kant op as der mear oer te melden is. We wurkje hjiryn tegearre mei Harns.

 

Snoekebek 

Ik ha ôfskied nommen fan Ruud Goeman (haad ôfdieling "samenleving", dy't mei pensjoen gie), troch in prachtige rit yn syn Snoekebek. Dit omdat in ôfskiedsfeestje net kin yn koroanatiid. Ik ha myn ferhaal oer it enerzjylânskip dwaan mocht op Radio "Eenhoorn" dy sneons. Ek wie der wer in gearkomste mei de COVM, de lûdshinder-kommisje fan de fleanbasis. Trou lid en fakkennis dêryn is fansels Marsumer Geert Verf, dy't al meidocht fan ôf 1980. We ha it benammen oer de soargen oer it lûd fan de nije strieljager (F35) en it oars omgean mei de klachten fan ynwenners. Ek ha ik in digitale byienkomste bywenne oer de demokrasy, fan de PvdA Ljouwert, y.f.m. De ynteressante sprekkers. Ik ha Seisbierrum twa kear op besite hân, ambisjeus as se binne. Folop dwaande mei plannen foar it doarp en deromhinne.

 

Roeken en Katten
We hiene in foarljochting (foar riedsleden) oer it KLM projekt. Dat is de dykferswierjen Koehoal nei Lauwersmar. Giet ek wer oer lânskip. Dy wike ek in publyks-sesje oer de ynsamling fan it âld papier. We dogge dat yn de gemeente op fiif ferskillende wizen en it blykt dat elk syn eigen wize it bêste fynt en dy ek sa hâlde wol. Belangryk binne hjir de sosjale bining en de finansjele fergoeding. Genôch ynbring krigen om nij belied op te meitsjen.As wethâlders hiene we it twa jierlikse oerlis mei de provinsje oer it omgean mei ti Frysk en de minderheidstalen. De provinsje set dêr goed op yn en as gemeente dogge wy stevich mei. Freeds de prik helle en testen foar de kuiertocht Roeken en Katten fan út Bitgummole troch it koulisse-lânskip. Fiifentweintich kilometer is in aardich ein as jo meast op in stoel sitte, mar troch prachtige omkriten. Wurdt fuort wer helder werom as wy dat better beskermje moatte. Ofrûne wike bin ik meinaam yn de plannen foar it werynrjochten fan it eardere state-terrein ‘Groot Terhorne' yn Bitgum / Bitgummole. Sjocht der moai út, mar is in grutte opjefte. 

 



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer