NIJS   01-05-2021


[Bloch] Bert Vollema

De moanne april wie ferhipte kâld, mar hie foar ús fraksje dochs in heech enerzjygehalte: op 13 april waard der in publyks-sesje organisearre troch de gemeente wêr’t ynwenners meiprate koene oer it ynfoljen fan it saneamde enerzjylânskip.



"In grouwélich park fan wol 2400 pûnsmiet" (Bert Vollema)

No… dat bliek in grutte stien yn ’e fiver te wêzen. Ik begjin mar efkes bij it begjin. De gemeenteried hat besletten dat Waadhoeke yn 2050 hielendal CO2 neutraal wêze moat. Dat betsjut allinnich noch griene stroom brûke en de huzen moate fan it ierdgas ôf. Sa’t it no stiet meie der gjin grutte wynturbinen byboud wurde en binne techniken lykas geo-termy en akwa-termy noch net sa fier dat se folop brûkt wurde kinne om yn de enerzjy fraach te foarsjen.
Dat soe betsjutte dat allinnich sinnepanielen in opsje binne om de enerzjyfraach te dutsen te krijen. En as jo dat allegearre trochberekkenje soe dat op in grouwélich park fan wol 2400 pûnsmiet útkomme. En sa kaam dat dus ek yn de krante te stean. Dat hat foar in protte opskuor soarge, elk dûkte der boppe op. En efkes foar de dúdlikheid: dit is in útstel fan it kolleezje om op lange termyn ynfolling te jaan oan it doel dat we mei syn allen fêststeld hawwe. Net fan ús as FNP Waadhoeke, dêr is wol wat misbegryp oer.

Boppe dat sil it sa mâl net gean, de techniken wurde hieltyd better, dat fan dy 800 bunder sil sa grut net útpakke. Mar der is ek mear oan de hân. We hawwe yn ús gemeente ek bot lêst fan boaium-delgong en dêrmei ek fan fersilting, der binne guon plakken wêr’t amper noch wat groeie wol en dat probleem wurdt hieltyd slimmer. Dat it idee om in gebiet yn te rjochtsjen om dêr swiet wetter yn op te fangen en dêr mei sinnepanielen stroom op te wekken en dêrmei de rest fan de gemeente frij te hâlden fan sinneparken en wynturbinen, moatte we ek net op foarhân weismite. We kinne stelle dat de diskusje hjiroer no echt loskommen is. De dei dêrnei hiene wy in “zoom”gearkomste foar ús eigen leden yn Waadhoeke oer de enerzjy-oergong. Dat wie in tige slagge jûn, wêr elk syn ideeën kwyt koe.

Ek wie der op 22 april in (digitale) gearkomst oer it âld papier. De gemeente wol eins yn it hiele gebiet op deselde wize it âldpapier sammelje. Dat is no noch net sa omdat eltse gemeente foar de fúsje sy eigen belied hie. Dêrfoar binne enkêten nei de doarpen en wiken stjoerd om te hifkjen wat men graach wol. It komt der eins op del dat elk syn eigen wize fan âld papier opheljen behâlde wol.
 
De gemeente sil dêr rekken mei hâlde en it belied op ôfstimme.


Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer