NIJS   01-10-2020


[Bloch] Wethâlder Jan Dijkstra

De wethâlder oan it wurd.



"De wethâlder oan it wurd." ([Bloch] Jan Dijkstra)

We binne der noch net, mar sa beroerd ha we it hjir noch net. Op nei de takomst. 

 

 

 

No hawwe it noch hieltiten net beroerd, mar elkoar op 16 septimber treffe is net slagge.

Dat is fansels spitich, mar wy witte allegearre ek dat it noch net kin. Dizze kear gjin grutte oandacht foar it firus, mar sjen nei wat we berikt hawwe en wat we wolle yn dy takomst. Ik ha op 30 jannewaris op de ledegearkomst yn Marsum in oersicht jûn fan wêr't ik as FNP lid fan it kolleezje mei dwaande wie. Ik nim jim efkes mei werom:

We ha in goed doarp- en wyk-fûns idealisearre, jild om saken los te lûken dy't men graach wol. Dêr wurdt in protte gebrûk fan makke. Tink oan mear grien yn it doarp, lytse ferbouwings fan in iepenbiere romte, ûnder siken dwaan nei ferbetteringen dy't profesjonele stipe freegje ensfh. Foaroprinner is neffens my Rie, dêr't men wol hiel warber is. We hawwe doarp-koördinatoaren, in Jongerein-Advysrie en in berne-boargemaster. Ek hawwe wy it grien-behear dellein by de wyk-teams, dy't harren eigen gebiet ûnderhâlde. Sa wolle we bining mei de ynwenners fergrutsje, in FNP oandachtspunt foar in doe noch ´gruttere´ gemeente.

 

We dogge oan ekologysk berm-behear, noch net oeral mar de wei is ynsetten. We wreidzje op dizze wize fan behear geandewei fierder út. We merke oan de reaksjes dat minsken dêr oan begjinne te wennen dat net alles mear strak meand is. En as dat net sa is, gean we yn petear om ús belied út te lizzen en om te sjen as we elkoar fine kinne. Ha bygelyks in ôfspraak makke mei de bewenners efter oan de Headyk yn Dronryp.

We hawwe in taal-belied dat der sûnder de FNP net kaam wie. Der rint no in taal-kampanje dy't goed 40.000 euro kostet, foar grutste part betelle troch de provinsje. We wolle de taal ommers sichtber meitsje, fertroud en minsken útnoegje om harren memmetaal te brûken. It belied is no ynsetten, mar we binne der noch lang net en moatte der boppe op sitten bliuwe. Der komt in taal-koördinator foar it Biltsk dy't aanst ek it Frysk oppakt. Dat dogge wy yn gearwurking mei de Afûk en de provinsje. Fansels ek it Franekers kriget dan in plakje. Sûnder ús sakket de oandacht hjirfoar sûnder mis wer fuort. It gehiel wurdt ûndersteund troch it taal-platfoarm, besteand út minsken dy't wat mei taal ha, ynklusyf de Jongerein-advysrie.

 

De enerzjy-oergong is yn folle gong. De ôfspraken dy't de wrâld yn Parys makke hat, komme geande wei mear ta útfiering. Ek wy dogge dêr graach oan mei, mei it doel de wrâld minder te belêste. We ha in goeie duorsumens-aginda fêststeld, passend by de FNP útgongspunten. Ik bin der dan ek wol grutsk op, dat we nettsjinsteande politike en maatskiplike druk, in wyld-groei fan sinne-parken tsjin hâlde kinnen ha. Mei it fêststelde belied geane we rêstich sjen wat we wol en wat net wolle. It meidwaan kinne fan de mienskip (partisipaasje), sadat it jild net wei-streamd nei de grutte jonges, is dêrby in belangryk punt. Sûnt we dat fêststeld hawwe sjoch ik net folle (wylde) oanfragen mear. We litte ús lânskip net fertutearzje, mar steane wol foar ús bydrage oan in skjinner wrâld. Ek hjir moatte we as FNP meidwaan bliuwe. Dêrneist ha we ús duorsumens-koördinator. Bin ik tige wiis mei, want no sjoch ik dat der ek saken oppakt wurde. Sa ha ik fan 'e wike it MKB trajekt iepene, wêryn't we ûndernimmers stypje en ûndersteune om harren bedriuwen duorsumer yn te rjochtsjen.

 

We ha oandacht frege foar de "Global Goals (SDG's)", doelen dy't belangryk binne as we ús bern wat efter litte wolle. Sykje se mar is op op it ynternet. Ik ha hiel geregeld oerlis mei ‘myn' duorsumens-team fan fjouwer minsken. It giet dan oer it grien, it ôffal, de enerzjy-opwekke en waarmte-oergong dy't der oan komt. Hoe krije wy huzen fan it gas ôf.

En soargje we dat elts meidwaan kin. Dy tema's spylje ek troch yn de eigen organisaasje. Sa dogge we no mei oan it ‘koplopers-trajekt' mei regionale ûndernimmers om de ynkeap oan de SDG's foldwaan te litten. Ek hjir is it goed dat de FNP meidwaan bliuwt.

 

We ha in goeie kultuer-nota fêststeld oan de hân fan de tema's: ûntdekke, meimeitsje en doarre en dwaan. Ik hoopje dat we dêrby ek it jild krije by de begruttings-besprekking yn novimber. Dêrby doel ik op elts jier (struktureel) 50.000 euro foar doarre en dwaan. Jild wat brûkt wurde kin foar gruttere produksjes, fernijingen dy't oars net of dreech fan de grûn komme. We ha in goeie regeling foar it muzyk-ûnderwiis, doel elts bern yn kontakt bringe mei muzyk. De Koornbeurs hat, as professional ynstitút, in wichtich plak yn de opbou fan ús kulturele Waadhoeke wrâld, mei ek in each nei Harns. Grutste doel fan ús belied is de sterke kulturele ynfrastruktuer (toaniel, muzyk, teater, keunst, en alles wat jo derby betinke kinne) oerein hâlde, fersterkje en elts meidwaan litte. We besteegje sa'n oardel miljoen oan kultuer en dat dogge we goed. Ek hjir is de FNP hurd nedich. Tink hjirby earst wer oan de Koornbeurs, dy't troch de koroana-tiid sleept wurde moat.

 

Mei de lânbou, ús boeren, is amper kontakt. Der is in struktureel oerlis mei LTO bestjoerders en dat is goed. Mar der is folle mear nedich as we ús doelen om mear bioferskaat, mear gearwurking, de soarch foar it lânskip, behâld fan kultuerhistoaryske wearden, de agraryske en ekonomyske ûntwikkelings better mei-elkoar oppakke sille. As wethâlder gean ik oer: "Ontwikkelijn D, ons landschap-duurrzame oogst voor de toekomst". Achting foar ús lânskip en dat better efter litte as dat we op it stuit dogge is dêrby it doel. Dat betsjut dat we meikoarten breed kontakt lizze wolle mei ús boeren. It grutste part fan Waadhoeke is boere-lân, mei sawol bou-boeren, fé-boeren en tún-bouwers wurkje dêryn. Sûnder goed kontakt giet it net slagjen. Moat de FNP wol meidwaan bliuwe?

 

We meitsje in start mei monumint-belied troch yn elts gefal in ynventarisaasje te dwaan fan weardefolle gebouwen. Dêr kin we dan yn in folgjende perioade gemeentlik belied op meitsje. It jild sit yn de kader-nota, hoopje ik dus te krijen by de begrutting.

Der leit in start-notysje klear foar belied op ljocht-hinder mei de moaie titel: "Tusken skimer en moarns-dage". Ik hoopje dat yn de rie fan oktober te bringen. Saken wêr't de FNP wis foar nedich is.

Fierder bin ik noch oan de gong mei de oanpassing fan it stasjons-gebiet yn Frjentsjer. Doel is ek oan dy kant fan de stêd in moaie yntree te meitsjen. Dan de ynfiering fan de omjouwings-wet. Benammen it meitsjen fan in Fysje op de ynrjochting fan ús grûn-gebiet is in wichtich ûnderdiel, wêr't ús FNP lûd fan grutte wearde is. Sa litte wy no al in lânskip-biografy meitsje. In folslein oersicht fan de gemeente mei al syn foarmen. Wat wolle we sa hâlde, wêr mei wat barre, wat moatte we beskermje ensfh. Sûnder de FNP wie dy der net kommen. Ek litte we in boaiem-fysje meitsje, sadat we ek witte wat der ûnder in meanfjild bart. Gjin gewrot yn ús ûndergrûn wie in stelling fan de FNP. Ek op dizze dossiers binne we hurd nedich.

 

Neist al dizze ynhâldlike saken wêr't ik mei dwaande bin en dy't ek efkes foar jim op in rigje setten ha, moatte we neitinke oer de takomst. Takom jier safolle mooglik de gemeente yn, nije minsken oan ús bine, sjen litte wêr't wy foar stean en wat men mei ús yn it bestjoer berikke kin. Ik hoopje dêrby op jim stipe, want mei-elkoar kinne we hiel wat út de wei sette en it skip yn ús koers bringe.

 

Der is grif mear, mar dit komt sa yn my op.

 

Dochs noch efkes in koart oersicht fan myn aktiviteiten neist de reguliere oerlizzen: ik ha noch west by ‘it gelok fan Fryslân' prachtige foarstelling yn en troch Marsum. De algemiene ledegearkomst yn it String yn Boksum, posityf doarp en ek noch gesellich, de iepening fan it akademysk jier yn Ljouwert, geregeld oerlis mei de provinsje en oare gemeenten oanbelanget de kultuer, in rieds-ekskurzje lâns ús grien-behear, betinking Willem Lodewyk-jier yn Ljouwert, ynter-fyzje yn Leidschendam-Voorburg, filmke makke oer ‘de Kraak van de Kluis' en fansels de útfiering belibbe yn skimer, de iepening fan it kultureel jier yn de Koornbeurs, in byienkomst mei Icomos dy't gie oer nij wrâld-erfguod yn it Planetarium, De flagge foar de Global goals hyst, in dei nei Skylge om te praten oer de takomst fan it Waadgebied, smoargens opromme mei de aksje Skjin wetter, taal-aksje hâlden op Pypsterbuorren ûnder Boksum op ‘burendag', en noch in tal taken dêrnjonken.

 

Graach wie ik mei jim de diskusje oangien oer it fierde belied oant no ta. Slagge net, dan sa mar witte litte wêr't ik mei dwaande bin nammens jim. Ik hear graach reaksjes en of kommentaren. De kommende tiid wer mear efter it skerm en efkes gjin of amper fysyk kontakt........no as it net slimmer wurdt.



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer