NIJS   01-11-2020


[Bloch] Wethâlder Jan Dijkstra

De wethâlder bûten oan it wurk.



"De wethâlder bûten oan it wurk." ([Bloch] Jan Dijkstra)

@Waadhoeke "twitterre": Wethâlder Jan Dijkstra poate justermiddei (sneon 6 novimber) Liderkes yn Hatzum. Hjirmei stipet hy de kampanje "Wat sille wy no belibje?!". Troch Liderkes te plantsjen draacht de wethâlder by oan de biodiversiteit yn 'e Waadhoeke.Achte FNP freonen,

En dêr is it al safier: novimber.

 

Juster in temperatuur as wie't maaitiid, mar it is wier hjerst. Hjoed lokkich wat kâlder en wyn en rein, fielt tenminsten sa as it heart. Fierder is der noch neat sa as it heart. Ik sit safolle mooglik thús efter de kompûter te fergaderjen. Tidens de earste koronagolf kaam der wat romte yn de agenda, mar dat is no net mear sa. It is drok en tige yntensyf. Leveret ek aardich pine holle op. Mar we ha wer goeie dingen berikt. Ik nim jim wer efkes mei. Yn myn foarige bijdrage ha ik sjen litten wat ús meidwaan yn it kolleezje sa al opsmiten hat. Wie in lang stik...dogge we it no wat koarter.

 

Ik bin drok dwaande west mei de tarieding fan in riedsadvys foar de Koornbeurs. En op wei nei de riedsgearkomst op 22 oktober wie der noch in protte polityk foarwurk nedich om alles yn goeie banen te lieden. In goeie bân mei de fraksje en it kolleezje is dan fan wêzenlik belang. Uteinlik is it slagge en dêr meie wy bêst grutsk op wêze. Op dyselde jûn waardt ús startnotysje foar in ljocht-hinder-plan troch hast de hiele rie oannaam. Bin ik tige wiis mei, want no kinne we oan de slach om ûnnedich ljocht fuort te heljen en de nacht wer de rol te jaan dy't der heart te hawwen.Moandei 5 oktober moast ik in webinar liede foar Fryske riedsleden, steateleden en it algemien bestjûr fan it wetterskip. Dat die ik yn myn rol as stjoergroep-lid ‘Oever en vaarwegen'. Doel is om mei-elkoar ta in goeie ferdieling te kommen fan ferantwurdlikens foar ûnderhâld fan sa'n sântjinhûnderd kilometer wâlkanten. Dy wike wie ik ek by in gearkomste fan de JA, dy't graach meidwaan wol oan de ‘Solar Challenge', in projekt foar duorsumens en technyk foar de jongerein. Komt in opdracht út fuort foar it kolleezje. De freeds ha ik foarlêzen op twa legere skoallen oer duorsumens.

 

Dat doch ik altyd yn it Frysk en elts ferstiet my, ek yn de stêd. It is soms sa simpel. Sneons ha ik yn Pitersbierrum in AED offisjeel yn gebrûk steld. Altiten moai om frijwilligers ta te sprekken. Wy hawwe in kolleezje-gearkomste yn Achlum hân. We wolle dat geregeld yn de doarpen dwaan en dan in oerke lunch-ite mei doarpsbelang en of útnûge ynwenners. Wie tige slagge, mar spiternôch moasten de wyks dêrop alwer efter it skerm. Sadré as it kin, pakke we it wer op. Goed foar de bining ...en de doarpshúzen ha der ek noch wat oan. Mei it kolleezje hawwe twa bijienkomsen hân oer: ‘perpectief op de Waddenkust' mei in deskundich buro. Tige nijsgjirrich, sjen nei kânsen en mooglikheden. Sjogge we grif wat fan werom yn de oanpak fan ûntwikkel-line D, soarch foar it lânskip. Moat de FNP wol meidwaan bliuwe! Fierder ha ik in by-ienkomste hân mei myn beide mei-bestjoerders by de FNP, Pytsje en Tytsje. Wy wolle der noch in ferfolch oan jaan en dan miskien ris fan ús hearre litte.

 

We ha kontakt mei Joop Mulder (fan Oeral en "Sence of Place") om yn gearwurking mei gemeente NoardEast wat kultureels te ûntwikkeljen lâns de Waadkust. Mei de Jongere Advysrie hiene we in nijskjirrige jún oer duorsemens en ljochtbelied. Prachtich om harren ynbring te hearren en ús bielden dêrfan mei harren te dielen. Dan ha ik noch in pear stikelbaarchhúskes brocht nei Ouwesyl en Minnertsgea (útwurking fan de duorsemensagenda). We dogge as organisaasje mei oan it ‘Koplopersprojekt', wat ik iepene ha. Dat is in projekt fan en foar it bedriuwslibben, bedoeld om serieus duorsemer en maatskiplik ferantwurde te ûndernimmen (MVO). Prachtich resultaat yn kader fan de SDG's..wit jim noch, de Sustainable Development Goals, duorseme ûntwikkeling! Ek noch mei de deputearre en in kollega wethâlder pleitte foar kultuerjild yn Den Haag. Allegjer digitaal. Dat jildt net foar de útrikking fan de earste Stadsschoonheidsprijs yn ‘de Mouterij', in moai inintiatyf fan de ‘Vrienden van de stad Franeker'. Sa dogge we it foar no. Graach oant de lêste moanne fan 2020.

Hâld de kop derfoar!



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer