NIJS   01-12-2020


[Bloch] Wethâlder Jan Dijkstra

De wethâlder fiert feest, Yke wurd 65 jier.



"De wethâlder fiert feest, Yke wurd 65 jier" ([Bloch] Jan Dijkstra)

En dêr wie de lêste moanne al....en jim ha de kop der foar hâlden. Dat is moai. Bûten is it wiet en temperatuer giet rjochting nul graden....hearlik fris. Binnen sit de wethâlder al de hiele dei efter de kompjûter, fergaderje, mails lêze, belje en no in stikje foar de Nijsbrief skriuwe. Wat hawwe wy yn novimber allegearre wer by de hân han?Ik hie oerlis mei de Fryske kollega´s oer ´klimaat en energie´. Dat dogge wy geregeld, om te sjen hoe as we bijgelyks mei-elkoar de enerzjy-transysje foarm jouwe. In protte dingen kinne jo mei sa'n grut ûnderwerp better mei-elkoar dwaan as allinnich...ek nei in weryndieling. Ûnder leiding fan kommisaris Brok hawwe twa kear per jier oerlis oer it Frysk taalbelied. In, seker foar ús as FNP, wichtich oerlis mei in provinsje dy´t taalbelied útfiere wol. Waadhoeke makket dêr al goed brûken fan, troch in taalkampanje en struktureel jild foar in taal-koördinator.

 

Dy wike hat de rie de begrutting fêst steld, wêrtroch it budzjet beskikber is, wat ik nedich ha foar duorsumens, kultuer, taal en de ynventarisaasje fan weardefolle gebouwen. Ik ha ek regelmjittich oerlis mei de provinsje (Sietske Poepjes) en fiif teater-direkteuren, om te sjen hoe as wy ús teaters oerein hâlde yn dizze drege tiid. En ik ha noch snieklokjes (liderkes) plante by op Hatsum as aksje foar bio-ferskaat op fersyk fan de Fryske Miljeu Federaasje (FMF).


De wike dêrop wie de kommisje Lûd-hinder (COVM), oer de fleanbasis. Dêroer hiene we foar-oerlis hân mei Ljouwert (Hein de Haan) en de provinsje (Douwe Hoogland), as soarch oer de nije F35, dy't mear lûd-oerlêst liket te jaan. Fierders in protte amtlik oerlizzen, de Stjoergroep ‘Oevers en vaarwegen', oer hoe no fierder en in hiele middei oerlis mei de wethâlders miljeu en de deputearre (Sietske Poepjes) oer de "Regionale Energie Strategie (RES)". Wat dogge we mei-elkoar en wat dogge wy sels? Mei de ‘Wurkgroep omjouwingswet' út de rie, besprutsen wy it proses nei de nije wet, dy't nei alle gedachten yn 2022 yn giet. Yn it wykein op radio "Eenhoorn" útlis jûn oer de Enerzjy-koach en it Ljochthinder-belied. Radio "Eenhoorn" jout in protte omtinken oan gemeentepolityk, dêr bin ik wiis mei. Doe wer in wike mei in soad oerlizzen en wat ûnderhâld oan de wethâlder sels (lytse beurt).

 

Ek hie ik in oerlis mei de GGZ en omwenjenden oer de bou-plannen fan de GGZ op Lankum. De ûntstiene ûnrêst krige dêr alle oandacht. Tongersdeis naam ik diel oan in byienkomst fan ‘the Patato Valley', in wichtige byienkomst fan de ierappelboeren en oanferwante bedriuwen út de regio Noard Nederlân. Fansels is Waadhoeke dan in belangrike gespreks-partner en it wie goed om fan elkoar te hearren wêr't men mei dwaande is. Der leit in plan om fierder mei-elkoar yn petear te gean. By de riedsgearkomste hie ik amper ûnderwerpen.
Doe in wike mei wat mear frij....want myn frou Yke fierde har 65e jierdei.Fansels wol de fêste dingen as kolleezje-oerlis en soksawat. Freeds noch in gearkomste oer iepenbiere ferljochting, wêr't wy in organisaasje foar ha as gemeenten mei-elkoar. Mar ek in aardich, foar in grut part digitaal, feest foar Yke.De earste desimber-wike is alwer in drokke fergader-wike, mar alles ridlik ûnder kontrole.

 

Alwer oerlizzen mei de wethâlders fan kultuer-, RES en wetter (PBOW). Freeds hie ik de buorlju fan 'e gemeenten SúdWestFryslân-, NoardEastFryslân en Harns noege, om it te hawwen oer "Sence of Place". Dat is in projekt fan Joop Mulder (Oerol), om lânskips-skaaimerken te kreëarjen yn it kustgebied. En sneons alwer nei Radio "Eenhoorn", no yn myn rol as dielnimmer yn in selskip om streektalen te fasilitearjen, te begjinnen mei it Biltsk. No oant safier wer efkes mei mei myn wurk oan 'e gong.Graach oan nei de krystdagen.
Noflike tiid winskje ik jimme ta yn in doch wol drege tiid. Litte wy om elkoar tinke.



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer