NIJS   01-02-2021


[Bloch] Wethâlder Jan Dijkstra

De wethâlder mei in waarme trui yn 't ljocht wol tsjuster ha yn 'e nacht.



"Ljocht-hinder en boaiem-fyzje" ([Bloch] Jan Dijkstra)

Sa de earste moanne sit der al wer op. Noch midden yn de ´lockdown´. Bysûnder, brûke we gewoan wer sa'n lienwurd wêr’t we samar gjin eigen ynfolling foar ha. Jo soene sizze kinne it ‘folsleine slot’, want dat is wêr’t we mei te meitsjen hawwe. 

 

Foar in protte minsken wurdt de lêst dy't se dêrfan ûnderfine grutter, om ferskate redenen. Sels mis ik de kontakten en bin ik benammen wurch fan it effisjint gearkommen. Allinnich effisjint gearkomme liket hiel moai, besparret reistiid, kin koarter, mear ta de kearn, minder tiid fergrieme, jo dogge makliker efkes mei oan lanlik oerlis en neam mar op. Dat lêste is wol in feit. Ofreizgje nei Den Haach foar in oerlis fan in oere dogge we no makliker. Soe net sa wêze moatte, mar it is wol sa. Al dy oare aspekten bin ik it net mei iens, dat brekt ús (op termyn wis) op. Jo moatte soms ek wat tiid fergrieme, moatte elkoar ris sprekke oer bykomstichheden, moatte efkes reizgje (lade) tusken oerlizzen, elkoar is yn de eagen sjen en by de hân ha.

 

De oanpak lanlik fan dizze "pandemy" ha ik net sa'n oardiel oer.

Wat ik konstatearje is dat der wrâldwiid mei wraksele wurdt, ik de oplossing noch net sjoen ha, we al hiel gau in medisyn hiene, guon der dêrtroch net yn leauden, doe gedoch wie oer wol as net nimme, doe gedoch hiene oer wa earst, guon doe lilk waarden op de produsinten, doe op de GGD's en fansels alles werom lizze by kop fan jut de Jonge. Kinne we teminsten ien de skuld jaan. Heit sei altyd: "as nimmen de skuld hoecht....jou my dan mar". Bysûnder om it proses te folgjen sa nei in lyts jier. Yn 40/45 wisten de minsken ek net hoe lang as ‘it' duorje soe, en reagearre elk op syn wize. Hoopje dat we hjir earder greep op ha. Myn strategy is om net alles te folgjen wêr't ik dochs gjin ynfloed op ha.

 

Dêrom bin ik gewoan oan it wurk (efter it skermk) om dingen te dwaan wêr't ik as FNP wethâlder wol ynfloed ha. Ik nim jimme wer efkes mei. Ik hoopje dat jimme goeie feestdagen hân ha, dy winskje ik jimme de lêste kear. Dêroan foarôf hie ik noch in bestjoersgearkomste mei de stichting Fryske Berne-opfang (sfbo). As bestjoerslid tink ik mei hoe as wy de berne-opfang goed yn posysje bringe om safolle mooglik bern yn harren memmetaal op te fangen. In kearn-team oer sinnepanielen yn beskerme doarp- en stedsgesichten. Tige nijsgjirrich om alle tûkelteammen dy't jo derby tsjin komme mei-inoar te bepraten, om sa ta in droegen belied te kommen. Mei Yke bin ik nei "Oudenbosch" west. Ik hie der ynterfyzje by myn kollega Jan Mollen fan dy gemeente, sinfol, tige nijsgjirrich en lokkich fysyk. We ha in útlis-sesje hân foar de rie oer de ymplemintaasje fan de omjouwingen-wet. Dat hiele proses (fan start yn 2022 sa as it no liket) dogge we gewoanwei mei in wurkgroep út de ried en sa no en dan foar de hiele ried, fan dêr. Ek hie ik noch in oandielhâldersgearkomste fan de ôffalferwurking. Sneons hien we in digitale ledegearkomste fan de FNP provinsjaal. Mar dat stiet wol yn de Frijbûtser.


Doe noch in wike mei amtlike oerlizzen as gewoan, en foarljochting oer ‘brede welvaart'; wêrom binne we hjir sa lokkich mei-inoar? En oerlis mei myn kollega's fan Súdwest, Noardeast en Harns, om it projekt lâns de waadkust fan Joop Mulder syn "Sence of Place", goed fan de grûn te tillen. Doe tiid foar in digitale kryst-bingo mei it personiel. En de lêste riedsgearkomste fan 2020, mei foar my in ried-brede ûndersteuning foar it meidwaan oan de "Young Solar Challenge".Dat wie it earste echte foarstel fan de Jongere Advysried, dus tige posityf. It betsjut dat in race fan dizze duorsum technyske útdaging foar jongeren yn Waadhoeke hâlden wurde kin.

 

Doe noch in tal saken dy't net wachtsje koene, mei as aardich it bringen fan in krystpakket nammers ‘de Zonnebloem' yn Minnertsgea. En doe lokkich krystfakânsje..lekker. Wilens binne we al wer in skoft oan de gong. It begûn mei de ûnferwachte oerstap fan ús âld fraksjefoarsitter Ferwerda nei Gemeentebelangen. Dat waard troch myn kollega's yn it kolleezje tige kollegiaal oppakt en jout de fraksje suver nije enerzjy. Fierder wol ik der net folle mear oer size. We hiene ek oerlis mei Menaam, wêr't noch hurd wurke wurdt oan it realisearjen fan in MFA (doarpshús). Fierder neist de deistige saken in kearnteam oer mobiliteit-fyzje. Wat moat, wannear, wêr barre om it ferkear kreas en feilich troch ús gemeente te loadsen. Oan kollega Tol om der wat moais fan te meitsjen.De drokte is yn dy earste wike noch te oersjen, mar rint dan flot wer op. Fansels wie der tusken de bedriuwen troch de tryste útfeart fan Joop Mulder, wêr't ik mei de boargemaster foar noege wie. Ik hie oerlis as foarsitter fan de ‘Boomfeestdag', provinsjaal mei de wethâlders en de deputearre oer de oanpak fan de RES (Regionale Enerzjy Strategy). Wat binne de ambysjes, wat wolle we wol en wat net...koartsein. Ek hiene we it drok mei de tarieding fan foar my (ús dus) wichtige publyk-sesjes. Nammentlik oer ljocht-hinder en boaiem-fyzje. Dy ha we wike op wike hân en binne wat my oangiet beide tige slagge. Ik hoopje mei de ynbring in goed foarstel te kommen.

 

Der wiene by-ienkomsen oer ûntwikkelingen op Swarte Haan mei de ynwenners. Mei de wethâlders kultuer oer ús teaters, in sesje oer en mei enerzjy-coaches, ik siet yn in "webinar" oer it provinsjale programma werstel bioferskaat, we hiene in lange riedsgearkomste, oerlis mei de provinsje en in bedriuw yn ús gemeente oer syn ûntwikkelingsmooglikheden, in interview op "Eenhoorn" oer Ljocht-hinder en juster noch in goed koälysje-oerlis oer in yngewikkelde kwestje.Dêr tuskentroch bin ik, mei kollega's Pytsje de Graaf en Tytsje Willemsma, dwaande om bettere oanslúting te krijen by de partij en de provinsjale fraksje. En we binne mei in groep dwaande om de kampanje rjochting de ferkiezing 2022 foarm te jaan. Hoopje dat we ek fan jim ynbring krije.Achte freonen, ik hâld op. We binne wer folop oan de gong, mei tal fan nijsgjirrige saken. De berjochten sizze dat der in winter oan sit te kommen. Dat liket my foar elts in goeie saak. Kin wy wat ôfkuolje. 



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer