NIJS   01-03-2021


[Bloch] Gea Iedema

Jimme witte allegearre dat ik graach mear jongerein enthusjamearre wol foar de polityk. Dat ha ik realisearre kinnen troch in inisjatyf foarstel foar in berne-boargemaster en in jongerein Rie yn te tsjinjen.




"Net ôfstimd mei Easterbierrum & Kleaster-Lidlum?" ([Bloch] Gea Iedema)

Wat de ôfrûne tiid dan ek wol aardich wie is dat jongerein út de nije fúzje gemeente "Eemsdelta" kontakt socht ha mei ús jongerein Rie en mei my. Se wolle ek yn dy gemeente harren stim hearre litte en fregen my om advys hoe as se dat oanpakke moatte. Ik wurd fan soks wol bliid en merk dat ik it fijn fyn dat ik hjiryn wat betsjutte kin.Derneist waard ik troch it Jongereinwurk Waadhoeke benadere om mei te wurkjen oan in fraachpetear oer de Jongerein Rie fan Waadhoeke. Dit wie yn de Skûle yn Frjentsjer. We hawwe in koroana feilich petear hân oer hoe as de jongerein no funksjonearre yn Waadhoeke. It hiele petear is opnaam en op 'e kompjûter setten as in lûd-bestân, de jongerein neamt dat sels in ‘podcast'. Harkje kinne jimme dy fia dizze webside of foar de leden dy't de "app" fan ‘Spotify' op harren telefoan ha, op it akkount fan de "Youngsters" (De Skûle Welzijn).

 

Soargen oer leefberens yn doarpen.

FNP Waadhoeke hat yn 2018 oandacht frege foar de leefberens yn de doarpen. Troch de wurkwize 'Nei-oan bestjoere' en it opleverjen fan in advys dokumint fan de Wurkgroep Húsfêsting Wurk-migranten binne wy as gemeente yn 2019 kommen ta nij belied. Dêr is de FNP noch altyd hartstikkene bliid mei. Yn de ôfrûne wiken is der yn de parse in protte oandacht west oer wurk-migranten en harren húsfêsting. We hawwe ek lêze kinnen dat yn Easterbierrum ús gemeente in aparte aksje dien hat. Se hawwe in brief stjoerd nei de bewenners fan in strjitte wêr keamerferhier plak fynt sûnder fergunning. Om't de brief bûten Doarpsbelang omgien is en wy de ynhâld fan de brief ek net passend fûnen ha ik yn de riedsgearkomste fan 2 maart der fragen oer steld.Us fragen oan de portefúlje-hâlder:Mei hokker doel is der in brief nei de bewenners fan de Bauke Poelstrastrjitte yn Easterbierrum gien?Hoe stiet de fraach - oan de adressearden fan de brief - of sy posityf (bliid binne mei de wurk-migranten as buorlju) of negatyf (oerlêst fan de wurk-migranten as buorlju ûnderfine) tsjinoer it belied dat wy mei-inoar fêststeld hawwe?Wêrom is sawol de ynhâld as it feit dat der in brief útgean soe, net ôfstimd mei Doarpsbelang Easterbierrum & Kleaster-Lidlum?

 

Tinkt it kolleezje it fertrouwen fan Doarpsbelang Easterbierrum & Kleaster-Lidlum yn ús gemeente werstelle te kinnen? Ut de beäntwurding docht bliken dat in advys fan Doarpsbelang juridysk net binend is en it kolleezje sels in ôfwaging meitsje moat. Dat ha se noch net dien mar fia in brief woene se ophelje hoe de buertbewenners tsjinoer de keamerferhier steane. De wethâlder sei dat dizze aksje, efternei sjoen, wol fia Doarpsbelang moatten hie en ek de ynhâld fan de brief oars formulearre kinnen hie. Koartsein komt it der op del dat it giet om it proses en dat it kolleezje sels in ôfwaging meitsje moat of se wol of net in fergunning ôfjaan sille.

 

Wy bliuwe der skerp op en hearre graach fan jimme as der bygelyks ek yn jimme doarp soks spilet. It momint fan de fragen yn de riedsgearkomste is hjir werom te harkjen.
"Online" ledegearkomste. Wat moai dat we nei myn oprop yn novimber inoar no eins wer moete ha.

 

Prachtich dat dit op 'e kompjûter slagge is. In moaie miks fan leden út Waadhoeke. Dit smakket wis nei mear salang as fysyk byinoar kommen net mooglik is. 



Tags: bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer