Fraksyfoorsitter Bert Vollema - Tsjom
     

Bert

   

Portefúlje:

Bestjoer

Sosjaal Domein

Finansjes

Underwiis 

Fierder:

Fraksjefoarsitter

Auditkommisje

Lid Kearnteam Mienskip

Kontakt:

E-Post: bert.vollema@fnp.frl

t. 06-30643222 

  

Ik bin Bert Vollema, earder riedslid foar de FNP yn de gemeente Frjentserteradiel, en kom út Tsjom. Dêr haw ik mei myn frou Joke fjouwer bêrn en in melkféhâlderij. Ik fyn dat yn Den Haach net alles foar ús besletten wurde moat, mar dat wy op tal fan saken sels bepale kenne wat it bêste foar Fryslân en syn ynwenners is. Dêrom set ik my yn foar de FNP: meiinoar sels bepale en sels dwaan. Fan ûnderop. Dat is foar my wêr de FNP foar stiet.

 

Graach wol ik my mei in sûn boereferstân ynsette foar de nije gemeente Waadhoeke en fyn dat der in solide finansjeel belied fierd wurde moat. Dat der omtinken is foar har ynwenners en it lânskip en dat kultuer en sport profesjoneel stipe wurde troch de gemeente.   


Riedslid Gea Iedema - Frjentsjer
     

Gea

   
Portefúlje:

Wurkgelegenheid
Jongerein
Taal

Wenjen & Leefberens

Behear iepenbiere romte

Kultuer, erfguod, monuminten en musea 

Fierder:

Ponghâlder Fraksje

Presidium
Foarsitter Kearnteam Omjouwing
Jongerein Advysrie
Webbehear en sosjale media

Kontakt:

E-Post: gea.iedema@fnp.frl
Tillefoan: 0517-397168

 

Gea Iedema-Zondervan is hikke en tein yn Frjentsjer, troud en hat twa bern, wêrfan ien al de doar út is. Se is bedriuwskundige en selstannich ûndernimmer GJIZ te Frjentsjer (stipet bedriuwen mei sosjale media & de ynterne organisaasje). Derneist is se bestjoerslid fan de Commerciële Club Noordwest-Friesland. Se hat in protte ûnderfining yn ferskate bestjoeren op maatskiplik mêd. Nei har stúdzje Tapaste Bedriuwskunde (2009) is se ek polityk aktyf. Sadwaande kaam se yn 2010 al op ‘e list en is se sûnt 2014 riedslid. Oant 31 desimber 2017 foar de gemeente Frjentsjerteradiel en no foar de Gemeente Waadhoeke.

"Persoanlik wol ik de ferbiner wêze tusken ynwenners, gemeentebestjoer en ambtners. Myn politike ynteresse giet út nei algemien bestjoer, saken wêrby ik graach de jongerein belûk. Dêrom sil ik ek yn Waadhoeke ferbân ynstekke om te kommen ta in Jongeren Parlemint. As riedslid fan FNP Waadhoeke bin ik der foar de ynwenners! Ik harkje nei eltsenien (nei de arguminten foar en tsjin) en kom sa ta in beslút. Fansels kin ik it net eltsenien nei de sin dwaan. Fierder wol ik fan ynsidintele moetingen en besteande gearwurkingsferbannen in ynspirearjend proses meitsje en sa inisjativen entûsjamearje.



Riedslid Hans Nauta - Hitsum
     
Hans
 
  

Portefúlje:

Ekonomyske Saken
Rekreaasje & Toerisme
Fergunningferliening, Tafersjoch en Hanthavenjen
Ferkear & Feiligens

Duorsemens & Miljeu

Sport

Lânbou & Glêstúnbou 

Fierder:

Lid Kearnteam Omjouwing

Kontakt:

E-Post: hans.nauta@fnp.frl

Tillefoan: 0517-452530

 

Ik bin Hans Nauta, troud mei Maartje, selsstannich ûndernimmer yn de toeristyske sektor. Neist it ferhieren fan boaten en it meitsjen fan arranzjeminten, ha wy in teetún yn Hitsum. 

Ik fyn it  tige wichtich om de leefberens yn stân te hâlden. Mei elkoar der wat moais fan te meitsjen. Yn in leefbere mienskip, wêr't elts him thús fielt! Mei elkoar troch de tiid, útgean fan eigen krêft, yn ús eigen taal, as dat no Frysk, Bildts of stêdsfrysk is..... Tinke yn oplossings, net yn problemen!

Dêrom stean ik op de kandidatelist fan de FNP  - de ôfrûne fjouwer jier wie ik riedslid foar FNP Frjentsjerteradiel en ik wol my hiel graach nochris ynsette foar alle minsken yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke.

 



Skaadfraksjelid Bram Bonnema
     

Bram Bonnema

   

 Bram Bonnema

 FRJENTSJER

 

 E-post:bram.bonnema@fnp.frl

 Tillefoan: 06-10854426

 

 



2021 FNP Fryslân - Disclaimer