NIJS   29-09-2017


FNP Waadhoeke bringt ‘t ferkiezingsprogramma út in drie talen

't Ferkiezingsprogramma fan FNP Waadhoeke wort in 't Frys, Bildts en Nederlâns útbrocht met 'n aigen omslag foor de taal en omgeving.

De nije gemeente Waadhoeke is kwa talen in bysûndere gemeente. It Frysk, Biltsk en Nederlânsk binne mei it Frjentsjerters libbene talen dy't alle dagen brûkt wurde. Neffens de partij is dat in rykdom dy't koestere wurde moat.

Ferbining stiet by FNP Waadhoeke sintraal foar de kommende ferkiezings. Troch de skaalfergrutting is in goed kontakt mei de ynwenners essinsjeel. Jin uterje kinne en meie yn de eigen memmetaal, is dêrby fan grut belang. Om de doarpen en it haadplak Frjentsjer sa goed as mooglik fertsjintwurdigje te kinnen wenje de - yn totaal 50 kandidaten op de list ferspraat oer de nije gemeente.

De partij wol ûnder oare in Sport- en kultuurwike yn Waadhoeke, betelbere wennings foar starters, it toeristysk produkt ‘Bestimming Noardwest'topprioriteit jaan, belied meitsjen troch kennis en kunde fan de ynwenners te brûken en in enerzjy neutrale gemeente yn 2040.

Gan foor 't folledige ferkiezingsprogramma na: http://waadhoeke.fnp.frl/bildts/ferkiezings/programma/.

Frysk Bildts
Nederlands

 




Tags

MEER OVER DIT ONDERWERP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer